Smokers binne moardners

maart 19, 2020 12:35

Minsken dy’t smoke, binne allinnich yn Nederlân ferantwurdlik foar de dea fan twatûzen oant trijetûzen net-smokers. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Amsterdamske universiteitssikehûs UMC. “Hiermee laten we zien hoe gevaarlijk meeroken is”, seit ûndersiker Leonard Hofstra. It ynazemjen fan tabaksreek kin net allinne longkanker feroarsaakje, it ferswakket ek it ymmúnsysteem, sadat de passive meismoker fetberder wurdt foar allegear ynfeksjes.

Hoe nuodlik oft smoken foar smokers is, is sa stadichoan wol bekend. Wrâldwiid ferstjerre alle jierren sân miljoen smokers oan krupsjes dy’t efter harren hobby wei komme. Dat elke groep fan fyftich smokers ferantwurdlik is foar ien deade net-smoker is no ek bekend.

“Passief meeroken leidt tot een 20 tot 30 procent hogere kans op een hartinfarct en longkanker”, seit ûndersiker Hofstra. Dat jildt foar Nederlân. Yn oare lannen lizze dy sifers oars. Yn de Feriene Steaten binne der sa’n 85 smokers nedich om ien net-smoker dea te rikjen. Dat komt trochdat smoken yn iepenbiere romten dêr ferbean is en net-smokers minder faak yn in oar syn reek hoege te sitten.

Sels tusken Flaanderen en Nederlân binne neffens Hofstra de ferskillen grut. Hy wiist derop dat it yn Nederlân tastien is om te smoken yn in auto dêr’t bern yn sitte. Yn Flaanderen smyt soks tûzen euro boete op. Hy seit dat sokke maatregels der yn twa jier tiid ta liede dat it tal hertynfarkten mei fyftjin oant tweintich persint ôfnimt. Boppedat hawwe bern troch de maatregels folle minder lêst fan longsykten.

Hofstra ferliket de gefaren fan smoken ek mei dy fan it koroanafirus. Yn Sina binne yn de earste trije moanne fan 2020 trijetûzen minsken stoarn oan dat firus. Yn deselde perioade binne 25 tûzen minsken yn it lân dearekke troch it passyf meismoken. Dat in soad minsken no thús wurkje en yn it bywêzen fan harren bern smoke, is neffens him in grut gefaar foar de sûnens.

maart 19, 2020 12:35
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jan A.Schulp maart 25, 11:25

    Kin immen my útlizzen wêrom hasj dan net like skealik is?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.