Skylge kriget waarnimmend boargemaster

maart 24, 2020 15:56

Jon Hermans Vloedbeld (VVD, 66 jier) is moandeitejûn yn de wenning fan kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok beëdige as waarnimmend boargemaster fan Skylge. De beneaming giet yn op 1 april.

Foto © Provinsje Fryslân

It beslút ta de beneaming kaam ta stân yn goed oerlis en yn oerienstimming mei de fraksjefoarsitters fan de gemeenteried fan Skylge, dy’t unanym wiene. Hermans Vloedbeld is waarnimmer oant 1 novimber dit jier. Dan makket se plak foar in kroanbeneamde boargemaster.

Foto © Provinsje Fryslân

Frou Hermans Vloedbeld hat in soad ûnderfining yn it iepenbier bestjoer. Se wie boargemaster yn fiif gemeenten. Har ekspertize op it mêd fan iepenbiere oarder en feilichheid wiene foar de kommissaris reden om har te freegjen. Yn de koroanakrisis komt dat goed fan pas. Se wie riedslid en wethâlder yn Losser en boargemaster fan Ouderkerk, Ridderkerk en Almelo en waarnimmend boargemaster fan Oud-Beijerland en Noordwijk.

Op Skylge wurdt se de opfolger fan Bert Wassink (GroenLinks), dy’t op 1 april oan ’e slach sil as wethâlder yn Ljouwert. Yn jannewaris makke dy bekend dat er him net wer beneamber stelde foar in twadde termyn op it eilân.

Mei de beneaming fan Hermans-Vloedbeld telt Fryslân seis froulike boargemasters. Net earder wiene der yn de dizze provinsje safolle froulike boargemasters. In novum.

maart 24, 2020 15:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.