Skoallen wer iepen

maart 17, 2020 22:24

Arie Slob

Grutte groepen learlingen yn Nederlân meie wer nei skoalle ta, as hja mar ôfstân hâlde fan harren meilearlingen en net ûnnedich troch it gebou doarmje. Sike learlingen binne net wolkom. Minister fan ûnderwiis Arie Slob hat hjoed tastimming jûn foar it trochgean fan de lessen.

It giet om learlingen dy’t op moatte foar it eineksamen. Hja kinne op skoalle wurkje oan opdrachten en toetsen dy’t diel útmeitsje fan it saneamde skoaleksamen. It sifer dêrfan wurdt middele mei dat fan it sintraal skriftlik eineksamen fan it CITO. Dat is plend op 7 maaie, mar it is net wis oft it trochgiet.

maart 17, 2020 22:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.