Sjoernalist Auke Kok tiisdei 17 maart yn Museum Belvédère
Resint ferskynd
Op tiisdei 17 maart ferwolkommet de SLAH (Stichting Literêre Aktiviteiten Hearrenfean) de non-fiksjeskriuwer, sjoernalist en kolumnist Auke Kok yn Museum Belvédère.
Auke Kok skriuwt foaral oer fuotbal, mar ek foar minsken dy’t in hekel oan fuotbal hawwe, wurdt it nijsgjirrich: hy pakt ferskate ûnderwerpen by de kop. Yn al syn boeken is de ‘maatskiplike entûraazje’ prominint oanwêzich. Kok (Haarlim, 1956) skreau bestsellers as 1974: Wij waren de besten, 1988: Wij hielden van Oranje, Tussen Godenzonen: een jaar lang Ajax, Holleeder: de jonge jaren en resint Johan Cruijff: de biografie. Dat lêste boek komt yn elts gefal oan ’e oarder. Dejingen dy’t mei Cruijff, Nederlânsk bêste fuotballer, opgroeid binne komme yn Koks tsjokke boek ek ferrassende saken tsjin. In protte oer Cruijffs iepenbier én priveelibben is bekend, mar lang net alles.
Foar ferskate boeken krige Kok in priis of nominaasje, lykas foar De Verrader: leven en dood van Anton van der Waals. Foar’t Kok him hiele dagen oan it skriuwen fan boeken wijde, wie er ûnder oare haadredakteur by HP De Tijd en redaksjesjef fan it Radio 1 Sjoernaal. Hy wikselet syn fuotbalboeken graach ôf mei oare ûnderwerpen. Yn al syn wurk is te fernimmen dat er maatskippijskiednis studearre: de tiidgeast, de sosjale eftergrûnen binne nea fier fuort. Nei analogy fan it ‘totaalfuotbal’ fan de helden fan 1974 wurdt er dan ek wol in ‘totaalskriuwer’ neamd.
Yn it skoft is der gelegenheid om it museum te besytsjen. De hjoeddeiske eksposysje Relaasjes & Kontrasten – de kolleksje fan Hans en Cora de Vries toant wurken út in wichtige priveesamling. Boekhannel Binnert Overdiep is mei in diske oanwêzich yn it Museumkafee.
Datum: tiisdei 17 maart 2020
Lokaasje: Museum Belvédère, Oranje Nassauleane 12, It Hearrenfean-Oranjewâld
Tagong: € 10,-, € 5,- foar donateurs fan de SLAH, learlingen en studinten (allinnich kontant beteljen mooglik)
Seal iepen: 19.30 oere | oanfang: 20.00 oere
Oanmelde kin troch in mail te stjoeren nei de SLAH (reserveer@slahheerenveen.nl). Hawwe jo in museumkaart? Dy dan graach meinimme.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje