Sintrale eineksamens gean oer

maart 24, 2020 10:56

De sintrale eineksamens foar learlingen fan skoallen foar fuortset ûnderwiis gean oer, hat minister Slob yn oerlis mei ûnderwiisfertsjintwurdigers besletten. Skoallen moatte op basis fan de skoaleksamens beslisse oft learlingen slagge binne of net.

Boarne: pixabay.com

De skoaleksamens binne de toetsen dy’t al earder yn it jier ôfnaam wurde. Dy telle foar de helte mei foar it sintraal eksamen. De fjirde en lêste toetswike soe om dizze tiid hinne holden wurde.

De grutte ûnderwiisbûnen en de VO-ried, de koepel fan skoallen yn it fuortset ûnderwiis, easken moandei al dat de eineksamens skrast wurde. Dy soene op 7 maaie begjinne. De organisaasjes wolle ek dat de skoaleksamens tydlik stilllein wurde, mei’t it neffens harren troch it nije pakket koroanamaatregels fan it regear ûnmooglik wurden is om dy eksamens op in feilige manier te organisearjen.

Minister Slob seit dat de skoallen wol trochgean moatte mei it ôfnimmen fan de skoaleksamens, mar safolle mooglik op ôfstân. Skoallen krije langer de tiid om dat te organisearjen, oant begjin juny. As it net slagget om alle skoaleksamens foar dy tiid ôf te nimmen, is dêr begryp foar. Learlingen krije in moanne langer om in ferfolchstúdzje te kiezen. De nije falbile is 1 maaie foar it mbo en 1 juny foar hbo en universiteit.

maart 24, 2020 10:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.