Simone Djurrema: It paad bjuster

maart 14, 2020 20:00

Kollum

Wy slaan efkes in oaljefant (sjoch myn foarige kollum https://www.itnijs.frl/2020/02/simone-djurrema-oaljefanten/) oer, oars wurdt it sa swier allegearre. Hy bliuwt der wol.

Wy tinke der nea sa by nei, mar eins is Nederlân hiel goed yn kommunikaasje en paadwizen. Dan haw ik it oer letterlik it paad finen en oer it helpen oan ynformaasje. Om it paad te finen, moatte we de holle oeral der goed by hawwe, ek yn Nederlân. De buorden binne talryk en dúdlik, mear kin der meastal net oan dien wurde. Hjir yn Sweden is dat bytiden oars.

Eigen foto

Earne yn Göteborg is bygelyks in ôfslach nei de E45 dy’t wy graach nimme. It is by my wol trije kear mis gien foar’t ik wist wêr’t ik om tinke moat. Je tinke: o, in buordsje mei E45 Karlstad, hjir moat it sawat wêze! Salang as it kostet om dat lûdop te sizzen, duorret it dus om de ôfslach te missen. Der is mar ien skiterich buordsje, krekt foar de ôfslach. Dat is myn dúdlikste foarbyld, mar der binne grif mear. En as je dan de toeristyske rûte nimme wolle, wurdt it ek net maklik. Der binne trochgeande grintdiken dy’t by ien oer it hiem geane. Dan steane je dêr en witte je net oft je trochride meie of net. Hiel apart.

Of der is in dyk dêr’t net by stiet dat it in dearinnende wei is. En dan moatte je ynienen by ien op it hiem keare, want dan is it fansels wól ynienen op ’e ho!

Ik kaam op it idee om dêr in kollum oan te wijen doe’t ik mei in goekunde har man út it sikehûs helje soe. De wei nei de ôfdieling gie it noch wol ridlik, al moast se wol faak op har ûnthâld ôfgean. Mar doe’t we der wer wei woene, wie der ien lange gong mei allegear doarren en sûnder buordsjes. Wy moasten ferskillende útgongen probearje foar’t we by de haadútgong yn ’e buert kamen! Dan giet it my as âld-bedriuws­­help­ferliener fuort troch de holle: hoe komt men hjirút as der bygelyks brân is? Of as der ien of oare idioat begjint te sjitten of sa? Sis it mar!

Ik bin bang dat it der gewoan net yn sit by de Sweden. Wêr’t ik ek wurke haw, der binne net folle dy’t alles goed útlizze. Hiel ferfelend as je alles sels útfine moatte. Dan duorret it folle langer foar’t je folút wurkje kinne. De learares yn de klasse dêr’t ik no wurkje docht ek hielendal gjin muoite. Ik moat fan ’e bern hearre dat it mei it jonkje dêr’t ik de spesifike assitint fan bin, better giet as doe’t ik der net wie. Net bêst, fyn ik eins.

Us Ellen hat sels meimakke dat se nij personiel ynwurkje moast yn it âldereinhûs ferline jier. Dat slacht al hielendal nearne op, dat in jong famke sûnder oplieding ien mei oplieding paadwiis meitsje moat. Mar se hawwe in tekoart oan personiel, moatte we mar tinke. De nije kollega betanke Ellen wiidweidich, want de oaren leine neat út en giene derfan út dat se alles wol wist. Se koe der mar wat efteroan sjokke. Mar op in nij wurkplak binne der fansels altyd gewoanten en dingen dy’t je mei de bêste oplieding net witte kinne.

Yn it ûnderwiis binne se ek net altyd like dúdlik mei ynformaasje nei de âlden. Foar sommige dingen jouwe se briefkes mei, hiel goed, mar der binne ek oare saken, lykas it ôfsluten fan it skoaljier, dat soks net dien wurdt. Miskien haw ik it wolris ferteld, mar yn alle gefal kriget net ien dêr ynformaasje oer, want dat wit eltsenien dochs wol… As je dan tafallich te witten komme dat âlden en famylje komme meie, wolle je net dat jins bern dêr allinnich stiet, dat dan mar gau der efkes hinne yn ’e slobbertrui. Dat haw ik witten: ik kaam deroan en it wie krekt as wie eltsenien ferklaaid foar in trouwerij! Dêr steane je dan mei it hier slûk om ’e kop tusken allegearre minsken dy’t hielendal yn ’e pronk binne! Ik haw my wolris better field, mei ik wol sizze.

Oan de oare kant, as der dan wat misgiet, wurde je der ek net op oansjoen. Men kin ek hiel wat ûntspander libje. Je kinne der frustrearre fan reitsje, mar ik kies no mar foar:
“Dan hiene se mar dúdliker wêze moatten.”

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
maart 14, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.