Seis ton boete foar koroanapasjint dy’t hûs út komt

maart 11, 2020 22:21

Foto: GGD

De WHO, de wrâldwide organisaasje foar de sûnens, hat de sykte covid-19 in ‘pandemy’ neamd, in wrâldomfiemjende goarre. De sykte, dy’t feroarsake wurdt troch it mâlferneamde koroanafirus, hat wilens alle lannen fan Europa berikt. Yn Nederlân binne ek yn alle provinsjes no pasjinten bekend. Grinslân wie hjoed de lêste provinsje dy’t net mear koroanafrij is.

De maatregels dy’t oerheden nimme om foar te kommen dat in protte minsken tagelyk siik wurde, wurde hieltiten stranger. It tsjinhâlden fan it firus sil net mear slagje en it doel is no om derfoar te soargjen dat sikehuzen net hommels folle mear pasjinten fersoargje moatte as dat se oankinne, mei minder personiel, want dat wurdt fansels ek siik.

Yn Italië en Spanje binne reisferboaden fan krêft. Italië kin men allinnich yn en út mei in spesjaal formulier. Yn Spanje moatte minsken by wa’t covid-19 konstatearre is, thús bliuwe. Yn beskate streken kinne hja seis ton boete krije as hja dochs ta de hûs út komme. De Dútske minister fan folkssûnens Jens Spahn hat sein dat der yn Dútslân nei alle gedachten ek beheinings op de frijheid yn it deistich libben komme sille. De kânselier fan Eastenryk, Sebastian Kurz, hie in ferlykber boadskip. Lokale en regionale oerheden hawwe grutte eveneminten lykas sportwedstriden al skrast. Eastenryk hat boppedat de grins mei Italië tydlik sletten. Ierlân, Frankryk en Denemarken hawwe ek al eveneminten ferbean. Yn neifolging fan Italië hawwe guon Frânske regio’s alle skoallen sletten.

maart 11, 2020 22:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.