Sa sit it mei de nije maksimumsnelheid

maart 9, 2020 08:58

Foto: Wikimedia Commons/ Friesland2k5 – lisinsje CC BY-SA 3.0

Nije wike feroaret de maksimumsnelheid op sneldiken yn Nederlân. Oerdeis mei der dan net hurder riden wurde as 100 kilometer yn ‘e oere. Hjirûnder wurde in pear wichtige fragen beantwurde.

Wannear giet de nije maksimumsnelheid yn?
Op fierwei de measte diken giet de nije maksimumsnelheid yn op moandei 16 maart, mar der binne ek stikken sneldyk dêr’t al in boerd delset is dat ‘100’ oanjout. Buorden binne altyd jildich, dus dy ek. Nei sa’n boerd mei men met hurder as 100 kilometer/oere.

Op hokker tiden jildt de nije maksimumsnelheid?
De ferlege maksimumsnelheid fan 100 km/oere jildt tusken seis oere moarns en sân oere jûns.

Jildt de snelheidsbeheining ek yn it wykein?
Ja, de nije regels jilde sân dagen yn ‘e wike.

Bliuwt it gewoan 130 as der gjin boerd stiet mei ‘100’ derop?
Nee, de nije maksimumsnelheid wurdt de standert. Wa’t it blauwe boerd dat in sneldyk oanjout passearret, mei oerdeis net hurder as 100, ek as dat net spesjaal oanjûn is. Wol sille de dykbehearders op in protte plakken nije buorden delsette dy’t de automobilist wize op de jildende snelheid. Op in soad plakken sil ek op ‘e griene hektometerpealtsjes de snelheidsbeheining oanjûn wurde.

Giet de snelheid ek nei 100 op stikken dêr’t men no stadiger ride moat?
Nee, de maksimumsnelheid wurdt allinnich mar ferlege, hy wurdt nearne ferhege.

Knypt de plysje in eachje ta?
Nee, neffens minister fan justysje Ferd Grapperhaus kontrolearret de plysje fuortendaliks. Wa’t hurder rydt as tastien is en betrape wurdt, kriget in boete.

Hoe heech binne de boetes?
Dat hinget fan ferskate saken ôf. Normaalwei kostet 10 kilometer/oere te hurd jin op ‘e sneldyk 64 euro. In oertrêding fan 20 km/oere kostet 174 euro en by 30 km/oere is it 297 euro. Mear as 40 km/oere te hurd betsjut dat men foarkomme moat. By wurk oan ‘e dyk en op oare typen diken as de sneldyk jilde oare boetetariven.

Wat is it doel fan de snelheidsferleging?
De oerheid moat derfoar soargje dat Nederlân net mear stikstof produsearret as ynternasjonaal ôfpraat is. Troch dy maatregel soe de huzebou stil komme te lizzen. Om dochs bou-aktiviteiten tastean te kinnen moast de oerheid oare miljeumaatregels nimme. It ferleegjen fan de maksimumsnelheid is dêr ien fan.

Is de nije maksimumsnelheid tydlik of bliuwend?
Yn prinsipe is de nije maksimumsnelheid bliuwend. Fansels kin de Twadde Keamer letter altyd beslute om de maksimumsnelheid wer oan te passen, nei boppen of nei ûnderen ta. De ANWB pleitet dêrfoar.

Stipet de befolking de nije maksimumsnelheid?
In lytse mearderheid (51 persint) fan de leden fan de ANWB is foarstanner fan de nije maksimumsnelheid. Foar in noch fierdere ferleging soe gjin mearderheid wêze ûnder de ANWB-leden.

Bin ik no langer ûnderweis?
Oft jo langer ûnderweis binne, hinget ôf fan de rûte, mar grut is it ferskil net. Op in ôfstân fan hûndert kilometer kin it in pear minuten skille. As it rêstich op ‘e dyk is, binne jo faaks wat langer dwaande, mar as it drok is, kinne jo sels wat flugger te plak komme. Troch de legere snelheid passe der nammentlik mear auto’s op ‘e dyk en hoege minsken minder faak ôf te remjen. Dêrtroch binne der minder opstoppings en files.

maart 9, 2020 08:58
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A.Kramer maart 11, 11:39

    Ik wie wat tsjin dy maatregel. De maatskippij en ús tiidsyndiele binne op 120 of 130 km/o ynsteld. Dit kinne
    je net halje-trawalje feroarje. Op ‘e djoer kin en moat dit wol. Yn é 70er en 80er jierren riden wy ek 100. Doe wie
    ik der op tsjin dat it 120 waard. Dus ik fyn wol, dat wy op ‘e djoer wer nei 100 werom moatte. dit is fluch genoch, en foar alles dat my miljeu fan dwaan hat goed.Ek by elektysk ride. Gewoan súnich wêze. Ek is it sa, dat wy miskien op dit stuit wat te folle reizgje en ride. As wy dat wat minder dogge dan giet it mei de stikstof ek better en kin de lânbou en de bou ek mear trochgean. Ek kinne wy te âlde auto’s dy’t folle stikstof ofjaan fuortdwaan.
    .

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.