Sa bouwe jo sels beäzemingsapparatuer

maart 22, 2020 22:31

It Katalaanske bedriuw Protofy ferwachte krapte oan beäzemingsapparatuer. Ferline wike die it bedriuw in oprop oan útfiners rûnom op ‘e wrâld om ideeën te leverjen om fluch en goedkeap in simpel apparaat te meitsjen dat pasjinten fan lucht foarsjen kin. It projekt krige de namme OxyGEN.

Wilens is it mei help fan in protte minsken slagge om út goedkeap en maklik te krijen materiaal in searje goed wurkjende beäzemingsmasinen te meitsjen. De ynstruksjes om se te meitsjen steane op it ynternet, yn ferskate ferzjes fan ferskate materialen lykas hout en akryl, sadat elk se maklik neimeitsje kin as de need oan de man komt. Ideeën foar ferbettering bliuwe wolkom.

Yn de fideo hjirûnder is in wurkjend proefmodel te sjen:

Oare links:
* fideo’s fan wurkjende proefmodellen
* it webstee fan it OxyGEN-projekt
* it webstee fan Protify

maart 22, 2020 22:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.