Rûnom op ’e wrâld needtastân om koroana

maart 18, 2020 09:02

Hieltyd mear lannen nimme maatregels om fersprieding fan it koroanafirus tsjin te gean. Under oare Brazilië, Kolombia en Australië hawwe de needtastân ôfkundige. Australiërs wurde oproppen om net nei ôfhandige gebieten te reizgjen, om foar te kommen dat de lânseigen befolking besmet wurdt.

Foto: pixabay.com

Mei it ôfkundigjen fan de needtastân kin it Braziliaanske regear fan presidint Bolsonaro mear jild útjaan oan sûnenssoarch en de ekonomyske gefolgen opfange. It Kolombiaanske regear hat, njonken it ôfkundigjen fan de needtastân, alle âlderen oproppen om thús te bliuwen. Sportwedstriden binne ôfsein. Yn it lân binne 65 besmettings registrearre.

Australië hat mei it útroppen fan de needtastân it foech om stêden en gebieten ôf te sluten en minsken yn karantêne te pleatsen. Skoallen bliuwe foarearst wol iepen. Australiërs krije, krekt as Nederlanners, no al it advys om net nei it bûtenlân te reizgjen.

Yn Australië jildt it advys om net nei gebieten mei lânseigen befolking ta te gean. Yn ôfhandige gebieten is de sûnenssoarch minder goed en dêrtroch binne de ynwenners ekstra kwetsber. It regear publisearret in list mei lokaasjes dy’t Australiërs mije moatte. Lânseigen groepen hiene om de reisbeheinings frege. Yn Australië binne hast 500 minsken mei it koroanafirus besmet, fan wa’t der seis ferstoarn binne.

Yn Sina binne sûnt tiisdei trettjin nije besmettings registrearre, sadat it totaal yn dat lân op hast 81.000 komt. Yn Súd-Korea binne 93 nije minsken besmet. Yn totaal 8400 minsken hawwe dêr oant no ta it firus oprûn.

Ut sifers fan de Amerikaanske John Hopkins University docht bliken dat wrâldwiid goed 198.000 minsken de krupsje ûnder de lea krigen hawwe, fan wa’t der hast 8000 ferstoarn binne. Hast 82.000 minsken binne ûnderwilens genêzen.

Sjoch hjir for ús lêste nijs oer it koroanafirus en hjirre foar de eardere berjochten oer de hjoeddeistige pandemy op ItNijs.frl.

maart 18, 2020 09:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.