Rjochtsaak tsjin Waadhoeke

maart 8, 2020 16:42

Ynstjoerd

Lykas bekend wêze kin, fier ik in rjochtsaak tsjin de gemeente Waadhoeke oer de ferfrysking fan plaknammen yn de gemeente. Dizze saak wurdt op tiisdei 24 maart behannele troch de bestjoersrjochter yn de rjochtbank fan Ljouwert, Saailân 102 moarns om 9:30 oere.

De bestjoersrjochter hat my frege oft ik in skatting jaan kin fan it tal minsken dat ferwachte wurdt om de sitting by te wenjen. Ik haw dêr gjin idee fan, dêrom soe ik de lêzers fan It Nijs freegje wolle my fia de mail te melden as se fan doel binne te kommen.

Alfêst betanke foar de muoite!

Groetnis,
Jehannes Elzinga, Frjentsjer 

jeh.elzinga@gmail.com

 

maart 8, 2020 16:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.