Reparaasje toer stedhûs Boalsert kostet hast 3,3 miljoen euro

maart 29, 2020 09:11

De restauraasje fan de monumintale stedhûstoer fan Boalsert kostet de gemeente 3,28 miljoen euro. Foar dat bedrach wurde net allinnich de toer mei kariljon en de houten draachkonstruksje reparearre. Fuortdaliks wurdt ek de skea oan de balken en de kapkonstruksje fan de âlde riedseal, de eardere boargemasterskeamer en de âlde waach ûnder hannen naam.

It âld-stedhûs fan Boalsert (foto: Wikipedia/Udo Ockema – lisinsje CC BY 3.0)

“Doe’t ik it restauraasjerapport lies en it bedrach ûnder eagen krige, moast ik wol even slokke”, seit wethâlder Mirjam Bakker. “Mar fansels kriget Boalsert de toer werom. Gjin hier op myn holle dy’t deroan tinkt om net te restaurearjen.” De oare leden fan it kolleezje tinke der krekt sa oer. Dêrom dat de gemeenterie yn april foarsteld wurdt om it jild beskikber te stellen.

Dat de bûnte kjifkrobbe yn de toer sit is al desennia bekend. It bistke is yn de perioade tusken 1980 en 2000 yntinsyf bestriden. De ôfrûne tsien jier is fan de krobbe net folle aktiviteit mear fernaam, hoewol’t der it ôfrûne jier noch wol in stikmannich krobben fongen binne. By de wurksumheden oan kultuerhistoarysk sintrum De Tiid waard dúdlik hokker ferrinnewearjend wurk de krobbe troch de jierren hinne ferrjochte hat. “In flink tal balken is fan binnenút oanfretten”, fertelt Bakker. “Neffens de saakkundigen moat dat kjiffen al in iuw lyn begûn wêze.”

De skea kaam pas oan it ljocht by demontaazje en saneamd ‘destruktyf ûndersyk’. “Se moatte dan materiaal fuorthelje, lykas in folsleine souderflier, om skea better yn byld te krijen. Soks bart eins nea by reguliere ynspeksjes fan bygelyks de Monumintewacht.” Dat ferklearret ek wêrom’t der net earder alarm slein is.

Om ûngelokken foar te kommen is de toer ferline jier yn trije dielen ûntmantele, opslein en sekuer ynspektearre. Dat late ta in restauraasjeplan mei ferskate senario’s. It kolleezje hat no keazen foar de fariant dêr’t in stielkonstruksje de draachfunksje fan de âlde houten konstruksje by oernimt.

De Rykstsjinst foar Kultureel Erfgoed en Hûs & Hiem hawwe foarkar foar de fariant dêr’t ek stiel by brûkt wurdt, mar mear romte by is foar tradisjonele restauraasje fan de houten konstruksje. Dy fariant is sa’n 200.000 euro djoerder. “Wat by ús kar de trochslach jûn hat, is de winsk om de risiko’s yn it projekt sa folle mooglik te beheinen. Net allinnich no, mar ek foar letter”, seit Bakker. “Dizze oplossing is it feilichst en duorsumst foar de lange termyn.”

As de gemeenterie yn april akkoart giet, kinne de restauraasjewurksumheden nei de simmerfakânsje úteinsette. Dy sille likernôch tsien moanne duorje.

maart 29, 2020 09:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.