‘Relaasjes & Kontrasten’ yn Museum Belvédère
Resint ferskynd
Fan 1969 oant 2004 late Cora de Vries (1944-2010) de ferneamde galery Collection d’Art yn Amsterdam, dêr’t in protte promininte keunstners út binnen- en bûtenlân eksposearren. Parallel oan it galerybelied boude se tegearre mei har man Hans de Vries in ymposante priveesamling op. It pear socht dêrby benammen nei keunstwurken dy’t inoar fersterken yn relaasjes en kontrasten.
De útstalling Relaasjes & Kontrasten – de kolleksje fan Hans en Cora de Vries is in ferfolch op de útstalling Collection d ‘Art – in galery, dy’t yn 2015 yn it Cobra Museum foar Moderne Keunst yn Amstelveen te sjen wie. Joech de lêste foaral omtinken oan it galerybelied, de eksposysje yn Museum Belvédère konsintrearret him folslein op de priveesamling.
Yn de eksposysje is wurk te sjen fan: Karel Appel, Armando, Georg Baselitz, Gerrit Benner, Eugène Brands, Jean Dubuffet, Alphons Freymuth, Hans van Hoek, Piet Ouborg, Jan Schoonhoven, Willem de Kooning, Thijs Rinsema, Markus Lüpertz, Bram van Velde, Co Westerik en in protte oaren.
Nije katalogus
By de eksposysje Relaasjes & Kontrasten is in tsjokke en ryk yllustrearre katalogus ferskynd, mei in tekst fan keunsthistoarikus en publisist Huub Mous. It boek hat in grut formaat (24 x 29 sm.), telt 168 siden en befettet goed hûndert ôfbyldings yn kleur. It kostet 25 euro.
Arranzjemint mei hoteloernachting
Op syk nei in sfearfolle oernachting? Museum Belvédère en Golden Tulip Tjaarda Oranjewâld hawwe mei-inoar in arranzjemint ûntwikkele, mei ynbegryp fan in oernachting, moarnsbrochje, in trijegongediner en 10% koarting op de katalogus. It arranzjemint is allinnich mei de eksposysje jildich.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje