Rapporteur Feriene Naasjes: ûnderwiis yn minderheidstaal is in minskerjocht

maart 19, 2020 12:58

Foto: morguefile.com

Underwiis yn de eigen taal is in minskerjocht. Dat skriuwt Fernand de Varennes oan de minskerjochterie fan de Feriene Naasjes. De Kanadeeske jurist De Varennes is bysûnder rapporteur op it mêd fan minderhederjochten.

Net oeral giet it min mei de rjochten fan taalminderheden om ûnderwiis yn de eigen taal te krijen, sa skriuwt De Varennes. Hy neamt de Dútsktalige befolking yn de Italiaanske regio Súd-Tirol as foarbyld fan in minderheid dy’t it goed troffen hat. It ûnderwiis yn de streek is yn it foarste plak Dútsktalich en alle bern leare it Italiaansk der ek op in heech nivo by.

Neffens De Varennes hearre bern yn alle gefallen yn it basis- en fuortset ûnderwiis heechweardich ûnderwiis yn de eigen taal te krijen, en leafst ek noch yn it heger ûnderwiis. It minimum dêre is neffens him dat jongelju de eigen taal as universitêre stúdzje folgje kinne.

As alle ûnderwiis allinnich mar yn in grutte lânstaal of ynternasjonale taal jûn wurdt, dan is dat diskriminaasje, seit De Varennes. Neffens him is sok belied in oertrêding fan ynternasjonale minskerjochteferdraggen.

It ferslach dat Fernand de Varennes oan de Feriene Naasjes stjoerd hat, stiet op it ynternet. It is hjir te finen:
https://undocs.org/A/HRC/43/47

maart 19, 2020 12:58
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe maart 20, 11:40

    Yndie. SisTsiis (âlde styl) makes waves.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.