Protte reklamekampanjes annulearre

maart 23, 2020 09:37

Ferskate bedriuwen hawwe reklamekampanjes annulearre. De skea rint yn de miljoenen en troch problemen mei koroana komme opnamen foar nije programma’s faai te stean.

Foaral húskepapier waard yn it begjin fan de koroanakrisis in protte hamstere (foto: pixabay.com)

Talpa, eigener fan ûnder oare telefyzjestjoerder SBS6, stiet op it punt om personiel dien te jaan. Neffens eigener John de Mol binne der drakoanyske maatregels nedich en hat dat gefolgen foar de 1600 minsken dy’t by it bedriuw wurkje.

De STER hat it oer in delgong fan tsientallen persinten. It iene nei it oare bedriuw lûkt reklamekampanjes werom. Tink bygelyks oan restaurants, de reisbrânsj, hotels, mar ek oare bedriuwen dy’t it no net gaadlik fine om te advertearjen. RTL fernimt ek de ynfloed fan koroana. Bedriuwen keapje minder stjoertiid of stelle kampanjes út, mar fan minsken dien jaan is neffens RTL op it stuit gjin sprake.

Ien fan de bedriuwen dy’t minder reklame útstjoere, is Albert Heijn. Der lei in kampanje klear foar in aksje mei de Hamsterwiken, mar dy is weromlutsen. It bedriuw fynt de kampanje op it stuit net passend. Hielendal om’t no tsjin klanten sein wurdt dat it net nedich is om in foarried yn te slaan.

maart 23, 2020 09:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.