Protte Fryske skoallen ynearsten ticht

maart 14, 2020 23:12

Kristlike skoallemienskip Arlanta slút fan moandei ôf de doarren fan al syn skoallen. It is in foarsoarchsmaatregel yn ferbân mei it coronafirus. De basisskoallen fan Noventa, PCBO Dantumadiel en ROOBOL geane ek ticht. De skoallen bliuwe ticht oant 30 maart. Boppedat hâldt it Nordwin College fan 16 oant en mei 18 maart de doarren sletten.

De koepel hat 22 basisskoallen yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Dy sitte yn Dokkum, Boarnwert, Westergeast, Hantumhuzen, Ie, Mitselwier, Ingwierrum, Kollumersweach, Kollumerpomp, Aldwâld, Ternaard, Kollum, Boerum, Peazens, Muntsjesyl, Nijewier en Easternijtsjerk. De skoallen bliuwe ticht oant en mei 30 maart.

Noch mear basisskoallen ticht

Neist Arlanta gean ek de basisskoallen dy’t falle ûnder de stichting ROOBOL, mei trettjin basisskoallen yn Noard- en East-Fryslân (Holwert, Bûtenpost, Boelensloane, De Harkema, Koatstertille, Dokkum, Damwâld, Feanwâlden, De Westereen, Kollum, Surhústerfean en Twizelerheide), de stichting Noventa mei alve basisskoallen (Surhústerfean. Gerkeskleaster, Bûtenpost, Koatstertille, Twizel, Twizelerheide Droegeham, De Harkema, Surhuzum en Stynsgea) en de basisskoallen fan PCBO Dantumadiel (Broeksterwâld, De Westereen, Feanwâlden, Wâlterswâld, Rinsumageast en Damwâld) oant 30 maart ticht.

De skoallen freegje yn in brief om begryp foar de situaasje. Alden wurdt frege om harren bern safolle mooglik thús te hâlden. De skoallen wolle yn beheinde mjitte bern opfange, mar dy meie dan net siik wêze. It giet dan benammen om bern fan soarchpersoaniel, of minsken dy’t op oare krúsjale plakken yn de mienskip oan it wurk binne.

“Moeilijk besluit”

“Het was een moeilijk besluit, omdat we het niet helemaal met elkaar eens waren”, sei Gert van Tol fan PCBO Dantumadiel nei it sluten fan fjouwer koepels yn Noard- en East-Fryslân. “De doorslag was dat we in één gebied geen verschillende keuzes willen maken.”

De koepels ûndersykje de mooglikheden foar alternatyf ûnderwiis. “We zijn aan het kijken naar de mogelijkheden om een digitale vorm van thuisonderwijs aan te bieden.”

Nordwin en Friesland College ek ticht

It Nordwin College, mei lokaasjes yn Bûtenpost, Ljouwert, Snits en op It Hearrenfean, jout fan 16 oant en mei 18 maart gjin les oan syn learlingen. De lokaasjes sels bliuwe iepen en de skoaleksamens gean ek troch, mar der wurdt gjin les mear jûn. Ek it Friesland College, mei ferskillende fêstigingen yn Ljouwert en It Hearrenfean, giet trije dagen ticht om it ûnderwiis safolle mooglik online yn te rochtsjen.

Medysk spesjalisten wolle alle basisskoallen ticht

De Federatie Medische Specialisten (FMS) sette sneontemiddei al fraachtekens by it beslút fan it regear om de skoallen iepen te hâlden. “Vele artsen vragen ons om te pleiten voor het sluiten van de scholen. Moeten we niet het zekere voor het onzekere nemen en per direct alle scholen sluiten? Wij denken van wel,” seit KNO-arts en Federaasje-foarsitter Peter Paul van Benthem.

“Wij vragen de politiek om het maximale te doen wat nodig is. Wij willen onze dokters en alle zorgverleners veilig houden, ook in de thuissituatie. Is er voldoende onderbouwing van het besluit dat de kinderen niet veel bijdragen aan de transmissie van het virus?”

Boarne: Omrop Fryslân

maart 14, 2020 23:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.