Priisútrikking bêste Frysktalige redaksjestik

maart 1, 2020 08:40 Fernijd

Foto: pixabay.com

Moandei 2 maart om 16.30 oere rikt wethâlder Mirjam Bakker de priis út foar it bêste Frysktalige redaksjestik fan 2019 yn ’e doarps-, wyk- en stedskranten út gemeente Súdwest-Fryslân.

De redaksjes koenen it ôfrûne jier stikken ynstjoere. Yn totaal binne sechstjin teksten ynstjoerd troch sân ferskillende doarpskranteredaksjes. Dy teksten binne beoardiele troch Douwe Blom (riedslid FNP Súdwest-Fryslân), Jantine Weidenaar (sjoernalist Omrop Fryslân) en Arjan Hut (skriuwer en dichter).

It is de fjirde kear dat de gemeente Súdwest-Fryslân de priis útrikt. De útrikking is yn it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert.

maart 1, 2020 08:40 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.