Presidint Brazilië: “Werom nei normale libben”

maart 25, 2020 08:56

Yn in opmerklike telefyzjetaspraak hat de Braziliaanske presidint Bolsonaro oproppen om werom te gean nei it gewoane libben. De tige rjochtse presidint hie gjin goed wurd oer foar de fiergeande maatregels dy’t yn ferskate Braziliaanske dielsteaten naam binne om fersprieding fan it koroanafirus foar te kommen.

Foto: pixabay.com

Yn regio’s mei in hege befolkingstichtens lykas São Paulo en Rio de Janeiro binne skoallen, winkels en restaurants op lêst fan de gûverneurs ticht. De presidint hat argewaasje fan dy oanpak en sei dat it koroanafirus foaral gefaarlik is foar minsken boppe de sechtich. “Wêrom binne de skoallen dan ticht?”, frege er him ôf.

Bolsonaro, dy’t sneon 65 waard, seit gjin noed te hawwen oer syn eigen sûnens. “Fanwege myn atletyske eftergrûn hoech ik nearne bang foar te wêzen. As ik besmet reitsje soe, soe ik heechút de symptomen fan in grypke hawwe.” Yn syn taspraak, dy’t útstjoerd waard troch de nasjonale telefyzjestjoerders, foel er fierder de media frontaal oan. Dy hawwe mei harren berjochtjouwing oer it koroanafirus eangst siedde, sei er.

Yn Brazilië binne likernôch 2200 minsken mei it firus besmet, 46 binne oan de gefolgen derfan stoarn.

maart 25, 2020 08:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.