Populariteit fan thúswurkapps ferskilt de provinsje

maart 31, 2020 12:53

Ut de lêste sifers fan Google docht bliken dat yn eltse provinsje yn Nederlân foarkar bestiet foar in oare thúswurkapp. Dêrneist dat de fraach nei thúswurkapps sûnt de thúswurkmaatregels sterk tanaam is. Hjirûnder de sifers.

Nederlân manmachtich op syk nei thúswurkapps sûnt parsekonferinsje kabinet Rutte
Sûnt 13 maart is de populariteit fan thúswurkapps yn Nederlân eksplodearre. Dat is ek net sa gek. Dy deis makke de premier bekend dat Nederlân safolle mooglik thúswurkje moat om de fersprieding fan it koroanafirus yn te damjen. Dêrfoar wie der gâns minder ferlet fan thúswurkapps. Yn de data fan Google Trends is te sjen dat de fraach nei apps as Zoom, Microsoft Teams en Skype tydlik fertrijedûbele is.

Ofbylding: Oak is now

West-Nederlân kiest foar Zoom, East-Nederlân is ferdield
Yn eltse provinsje hawwe bewenners de foarkar foar in oare thúswurkapp. Dat docht bliken út data fan Google Trends. Yn it westen fan Nederlân is der dúdlik mear ynteresse foar Zoom. Fan Seelân oant Noard-Hollân is de app it alderpopulêrst. It easten fan it lân is mear ferdield. Yn Grinslân, Drinte en Limburch is der in foarkar foar Skype. Yn Fryslân, Oerisel en Gelderlân is Microsoft Teams de winner.

Ofbylding: Oak is now

Thúswurkapps inkeld trochdewyks populêr
Moandeis oant en mei freeds sjogge we de grutste piken yn Google mei de thúswurkapps. De earste pyk is moandeis. Freeds sjogge we foar Zoom opnij in pyk. Dat soe tsjutte kinne op de wykôfsluting, of sels de digitale freedtemiddeibuorrel. Wykeins wurdt der blykber thús net in protte trochwurke.

Ofbylding: Oak is now

Klik hjir foar it folsleine ûndersyk.

maart 31, 2020 12:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.