Podcast: efter de skermen by ‘Ritratto’

maart 22, 2020 09:06

Stefanie Visjager seach oardel jier mei by de ûntwikkeling fan de nije opera fan Willem Jeths

Ofbylding: NTR

Op 13 maart soe de nije opera Ritratto fan De Nationale Opera (DNO) yn Amsterdam yn wrâldpremjêre gean, mar de koroanakrisis smiet roet yn it iten. De ûntwikkeling fan de opera is lykwols troch Stefanie Visjager fêstlein yn in podcastrige. Hja hie de mooglikheid om oardel jier efter de skermen mei te sjen by it tastânkommen fan Ritratto.

Resultaat is de achtdielige podcastsearje Making an Opera, of: Hoe het te maken in de opera. Wat docht bliken? It meitsjen fan in opera is faak like dramatysk as de opera sels.

Te beharkjen fia nporadio4.nl/makinganopera en de bekende podcastplatfoarmen. Besjoch de trailer fan de NTR op Vimeo.

maart 22, 2020 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.