Peter Boomsma, ‘De kracht van het lokale’

maart 29, 2020 09:52

Boekoankundiging

It wie de bedoeling dat kommende sneon, 4 april, in boek oer it Fryske medialânskip presintearre wurde soe, mar troch de koroanakrisis giet dat net troch. Lykwols, it is al wol te bestellen en fan 4 april ôf leit it yn de boekhannels.

Yn De kracht van het lokale lit skriuwer en kommunikaasjesaakkundige Peter Boomsma, fjirtjin spilers út it Fryske medialânskip harren miening jaan. Dy skôgje werom, beskriuwe de situaasje fan hjoed-de-dei en sjogge foarút. Trije bekende columnisten, ûnder oaren Frits Barend, wurkje ek oan it boek mei. Mei-inoar litte se sjen hoe’t it nijs yn de Fryske media ta stân komt, sawol yn de dei- en de streekblêden as op de ûnderskate omroppen en websteeën.

De spilers dy’t befrege wurde stelle harrensels foar. Wêrom is WâldNet in suksesfol webstee? Wat is neffens haadredakteur Sander van Warmerdam fan de LC belangryk? Hoe wurket de sjoernalistyk op it Amelân en Skylge? Gerard de Jong fan de Bildst Post stelt him yn it Biltsk foar. Deputearre Sietske Poepjes jout yn it Frysk har miening oer it medialânskip. Sjoernalisten Albert van Keimpema fan it Fries Journaal en Andries Veldman fan Liwwarders  komme oan it wurd. Wat beweecht haadredakteur Ria Kreaa fan it Friesch Dagblad? Wêrom bringt Groot Sneek human interest? En hoe sjocht Friezinne om utens en adjunkt-haadredakteur fan it AD Rennie Rijpma nei de sjoernalistuk tn Fryslân? Sa kriget de lêzer op in unike wize de gelegenheid om efter de skermen te sjen. Yn de epilooch wurdt royaal omtinken jûn oan de krêft fan útlis en hyperlokaliteit.

Oer de skiuwer
Peter Boomsma ken it Fryske medialânskip troch en troch. Hy spilet dêr al langer as 25 jier in belangrike rol yn. Hy wie tolve jier wurdfierder by de plysje yn Fryslân en acht jier teamlieder kommunikaasjes by de gemeene Weststellingwerf. Sûnt 2016 is er eigener fan Boomsma Communicatie en advisearret er organisaasjes en ynstellingen op it mêd fan kommunikaasje en media. Koartlyn wie er in healjier ynterim wurdfierder fan  kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok.

Earder skreau Boomsma Kneppelfreed. Gevecht om de taal met wapenstok en waterkanon (1998), Hercules van de Wâlden. Het verhaal van brigadier Tjeerd de Walle, Lest we forget. De berging van de Vickers Wellington uit het IJsselmeer (2017) en Drie generaties huisartsen in Hoogezand (2019).

Boekgegevens
Peter Boomsma, De kracht van het lokale
120 siden, 14×21 sm
softcover mei twa flappen
foarmjouwing: Vogelsang grafisch ontwerp
Utjouwerij Louise, Grou
Priis € 19,50
te bestellen op www.uitgeverijlouise.nl en te keap yn de boekhannel

 

 

maart 29, 2020 09:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.