Paul Hagedoorn makket in middel foar koroana

maart 19, 2020 23:16

Foto: GGD

De Sineeske trudze dy’t yn ús kontrei stadichoan oanboazet ta in goarre, is skielk wei te masterjen, sa liket it. Oan de Ryksuniversiteit yn Grins wurket Paul Hagedoorn hurd oan in middel foar covid-19, sa’t de krupsje hjit dy’t it mâlferneamde koroanafirus teweibringt.

Hagedoorn brûkt foar in part deselde medisinen dêr’t syn Katalaanske kollega Oriol Mitjà fan ‘t wike ek mei úteinset is. It Nijs skreau dêr moandei jit oer. (Lês hjir it stik nochris werom.)

De middels dy’t de beide medisy brûke, binne ûntwikkele as middel foar de malaria. Se soargje derfoar dat firussen bûten de lichemssellen bliuwe.

It middel gloarokine is neffens Hagedoorn lykwols net fuort te brûken foar in longkrupsje, mei’t de dieltsjes te grut binne. Hy seit yn it universitêre krantsje Ukrant: “Denk aan een suikerkorrel die je in 25 miljoen deeltjes moet verkleinen. Dan heb je een idee van hoe verschrikkelijk klein die deeltjes moeten zijn.”

Om dy ôfgryslik lytse dieltsjes te meitsjen, is Hagedoorn teset gien oer it ûntwikkeljen fan in soarte mûne. It hat der alles fan dat dy klear foar gebrûk is. Om sokke lytse dieltsjes yn ‘e longen fan lijers te krijen hat er earder al in spesjale ynhalator makke, dy’t no goede tsjinsten bewize kin.

It middel mei neffens protokollen lykwols net oan minsken jûn wurde foar’t it probearre is. Ornaris duorret soks jierren, mar de universiteit besiket no wat te betinken om it oer in wykmennich al oan ‘e foarste pasjinten jaan te kinnen. Dat kin mei sa rap, om’t it medisyn al goedkard wie foar gebrûk foar oare sykten. Hagedoorn wol it op sûne minsken probearje om nei te gean oft it sokken ek beskermet.

Hielendal allinnich hoegde Hagedoorn net te wurkjen. Hy krige stipe fan syn kollega’s Imco Sibum, Floris Grasmeijer en Onno Akkerman.

maart 19, 2020 23:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.