Bonkerak: Fryske folksferhalen om nei te harkjen

Bonkerak: Fryske folksferhalen om nei te harkjen Fernijd

🕔10:00, 29.Mar 2020

Omrop Fryslân hat in rige spannende Fryske folksferhalen op syn webstee set. De rige hat de namme Bonkerak krige. De ferhalen hawwe nammen as It opgroeven lyk en It keammerke fan de eangst. Se binne in moaie gelegenheid om yn ‘e kunde te

Lês it folsleine artikel
Peter Boomsma, ‘De kracht van het lokale’

Peter Boomsma, ‘De kracht van het lokale’

🕔09:52, 29.Mar 2020

Boekoankundiging It wie de bedoeling dat kommende sneon, 4 april, in boek oer it Fryske medialânskip presintearre wurde soe, mar troch de koroanakrisis giet dat net troch. Lykwols, it is al wol te bestellen en fan 4 april ôf leit

Lês it folsleine artikel
Reparaasje toer stedhûs Boalsert kostet hast 3,3 miljoen euro

Reparaasje toer stedhûs Boalsert kostet hast 3,3 miljoen euro

🕔09:11, 29.Mar 2020

De restauraasje fan de monumintale stedhûstoer fan Boalsert kostet de gemeente 3,28 miljoen euro. Foar dat bedrach wurde net allinnich de toer mei kariljon en de houten draachkonstruksje reparearre. Fuortdaliks wurdt ek de skea oan de balken en de kapkonstruksje

Lês it folsleine artikel
Pear fynt nei jierren trouring werom

Pear fynt nei jierren trouring werom Fernijd

🕔08:44, 29.Mar 2020

In troud stel út Beverwyk hat nei acht jier in ferlerne trouring weromkrige. It sieraad wie út de grûn helle troch in man mei in metaaldetektor, mei wa’t it echtpear by tafal yn petear rekke. Woansdei rûnen Bertie en Johan

Lês it folsleine artikel
Jan Schokker: Googlefûgel

Jan Schokker: Googlefûgel

🕔20:00, 28.Mar 2020

Kollum By in bestelling LED-panielen krigen wy lêstendeis in Google Home Mini kado. It like op in aardich moai lûdbokske. Dat wie it ek, mar nei in djipgeande stúdzje bliek it tagelyk ek in soarte fan fernimstige robot te wêzen,

Lês it folsleine artikel
Liesbeth List yn it Frysk

Liesbeth List yn it Frysk

🕔15:30, 28.Mar 2020

Dizze wike stoar Liesbeth List op 78-jierrige leeftiid yn har wenplak Soest. De ferneamde sjongeres waard yn desimber 1941 berne op Bandoeng yn Nederlânsk-Yndië, mar groeide op Flylân op, meidat se dêr troch de fjoertoerwachter en syn frou as bern

Lês it folsleine artikel
In oere foar de simmertiid en in oere foar de Ierde

In oere foar de simmertiid en in oere foar de Ierde

🕔13:02, 28.Mar 2020

Dit wykein is in oere koarter om’t de simmertiid yngiet: fannacht om twa oere jouwe offisjele klokken fuortynienen trije oere oan. Foar it Wrâld Natuer Fûns (WNF) is dat ornaris oanlieding om mei in saneamd Earth Hour wrâldwiid omtinken te

Lês it folsleine artikel
Fergeze temapakketten foar pjutten yn Achtkarspelen

Fergeze temapakketten foar pjutten yn Achtkarspelen

🕔10:54, 28.Mar 2020

Sûnt freed dielt de gemeente Achtkarspelen, yn ’e mande mei berne-opfangorganisaasjes dêr, temapakketten út oan alle pjutten yn dy gemeente. Mei’t pjutten troch de koroanakrisis net nei it pjutteboartersplak of de dei-opfang kinne, misse se ûntwikkelingskânsen dy’t sy normaal sprutsen

Lês it folsleine artikel
Kolleksje James Bondpistoalen ta wearde fan hûnderttûzen euro stellen

Kolleksje James Bondpistoalen ta wearde fan hûnderttûzen euro stellen

🕔10:50, 28.Mar 2020

Yn in ynbraak yn in hûs yn Londen binne fiif fjoerwapens út James Bondfilms stellen. Neffens de Londenske plysje soe de kolleksje mear as hûnderttûzen pûn (sa’n 112.000 euro) wurdich wêze. De hânfjoerwapens binne in Walther PPK út A view

Lês it folsleine artikel
Frysk harkboek fan Eppie Dam en Gerrit Terpstra: Fjouwer dappere mûskes

Frysk harkboek fan Eppie Dam en Gerrit Terpstra: Fjouwer dappere mûskes Fernijd

🕔10:00, 28.Mar 2020

Hjoed foar de thússittende minske dy’t ferlet hat fan wat Frysktalige ferdivedaasje: it hark-printeboek Fjouwer dappere mûskes fan Eppie Dam en Gerrit Terpstra.

Lês it folsleine artikel