Orbán kriget ûnbeheind foech om it Ongerslân te bestjoeren
Resint ferskynd
It Ongerske parlemint is teriede woarn en jou premier Viktor Orbán it foech om sûnder parlemintêre kontrôle te regearjen. Neffens Orbán hat er mear earmslach fanneden om it koroanafirus mei faasje te bestriden. De opposysje stie derop oan dat it ekstra foech oan tiid bûn wurde moast, mar dêr woe de regearingskoälysje neat fan witte. Fangefolgen kin Orbán tenei as diktator regearje krekt salang’t it him goedtinkt.
It is net de iennichste maatregel dy’t it Ongerslân yn ûnstjoer bringt. It regear is bygelyks fan doel en ferfolgje minsken dy’t ûnwiere nijsberjochten ferspriede. Oertrêding steane finzenisstraffen op. Neffens kritisy kin soks der maklik op útrinne dat krityske sjoernalisten in bekbân oanlein wurdt. Ljuwe dy’t har net hâlde oan ‘e foarskriften dy’t de folkssûnens beskermje moatte, kinne lyksa swier straft wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje