Op nij yndustryterrein Snits eartiids ek al bedriuwichheid

maart 17, 2020 10:03

Goed twatûzen jier lyn, om it begjin fan de jiertelling hinne, wie yn Snits ek al ‘yndustry’ op it plak dêr’t bedriuweterrein De Hemmen 3 oanlein wurdt. Dat konkludearje archeologen nei ûndersyk en opgraving fan de lytse feanterp yn it gebiet. “In nijsgjirrige puzzel”, seit archeolooch Yvonne Boonstra fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Wetterput út de sande iuw nei Kristus (foto: Gemeente SWF)

Planke ôfkomstich út wetterput (foto: Gemeente SWF)

It feanlânskip om Snits hinne wie sa’n twatûzen jier lyn besiedde mei lytse hústerpkes. Dy feanrânesône, op de oergong nei it klaaigebiet rjochting see, hie in grutte oanlûkingskrêft op de minsken. Meastal wennen se yn pleatskes op oanleine wenheuveltsjes, en besochten se sa goed mooglik yn harren ûnderhâld te foarsjen. Se holden foaral kij, skiep en/of geiten (ûnderskied is dreech te meitsjen op grûn fan it bonkemateriaal), wat hynders en hûnen. Duorsumens en omrin wiene it útgongspunt.

Bysûndere fynst
“It werbrûken is nei alle gedachten ien fan de redenen dat we sa’n bytsje metaal yn ’e feanterpen fine”, seit Boonstra. “It wie kostber en waard dêrom hieltyd wer brûkt as in foarwerp stikken wie.” Nammerste opfallend wie de fynst fan ferskate leaden smeltfragminten en in leaden spinkloske, seit se. “Yn de regio is metaal, lit stean lead, frij seldsum.”

Leaden spinkloske fan om begjin jiertelling hinne (foto: Gemeente SWF)

Ut de metaalanalyze docht bliken dat it om in tige suver oant suver lead giet. “Fan werbrûken is dan nei alle gedachten gjin sprake, want dan is de kâns grut dat der ferminging mei oare metaalferbinings is. Foarearst liket de metaalbewurking in flitigens dy’t net alle húshâldens sels regelen, mar echt spesjalistyk wie, konkludearret Boonstra. “Dat yn dy sin kinne we prate fan in lytsskalich en tige ier yndustrieel terpke.”

Gjin pleats
Wat opfalt is dat der gjin dúdlike pleats of oarsoartige bebouwing oantroffen is. De top fan de terp is troch eroazje wol ferdwûn, mar djippere spoaren fan bebouwing bliuwe meastal goed bewarre. Tink dêrby oan pealkûlen bygelyks, soms noch mei rêsten fan peallen. “Dat komt trochdat klaai- en feangrûn tige goed binne foar de konservearring fan hout en oare fergonklike materialen en foarwerpen, lykas tou”, leit Boonstra út.

Potten út wetterput fan om begjin jiertelling hinne (foto: Gemeente SWF)

De ûndersikers tinke dat de metaalbewurking net yn de iepen loft barde: der binne oanwizings foar in hurd. Der is ek ferbaarnde klaai oantroffen, soms mei printen fan flechtwurk, oftewol oanwizings foar flierren en muorren. It keukenservys tsjut ek op in trochsneed húshâldinkje fan om it begjin fan de jiertelling hinne. Ut bonkemateriaal docht bliken dat op it plak sels slachte waard. Wêr’t it gebou sels bleaun is, bliuwt in mystearje.

Opslokt troch de Middelsee
De terp waard earne yn de earste iuw nei Kristus ferlitten, mar bleau wol werom te kennen as ferheging yn it lânskip. Om de sande iuw nei Kristus hinne wie der wer aktiviteit, dêr wize twa wetterputten op. De terp ferdwûn dêrnei ûnder it slyk, troch oerstreamings fan de seeslinke Middelsee. De terp wie net mear sichtber en rekke yn it ferjit oant de opgraving, twa milenniums letter.

maart 17, 2020 10:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.