Omrop Fryslân past programmearring oan fanwegen koroanafirus

maart 16, 2020 08:59

Omrop Fryslân past fanwegen it koroanafirus de programmearring oan. Yn it wykein binne der ekstra edysjes fan it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed te sjen. Kommende snein is der ek live in tsjerketsjinst (sûnder tsjerkegongers) te folgjen. Op radio, telefyzje en online wurdt it aktuele nijs op ’e foet folge en wurde as dat nedich is ekstra programma’s útstjoerd. Alle nijs oer it koroanafirus kin sawol yn it Frysk as it Nederlânsk folge wurde op Omropfryslan.nl en de Omrop-app fia in liveblog.

Ofbylding: Omrop Fryslân

Guon programma’s mei publyk en gasten wurde foarearst net of yn in oanpaste foarm útstjoerd. It giet dan bygelyks om programma’s as Noardewyn Live (gjin útstjoering) en Op & Ut (oanpaste ferzje). Yn it radioprogramma Op & Ut fan kommende sneon sille de gasten allinne telefoanysk ‘oanskowe’. Yn de útstjoering, mei René Koster as presintator, kinne minsken ek ynbelje om te fertellen hoe’t sy harren tiid trochbringe no’t in soad aktiviteiten en eveneminten net troch gean kinne.

Live tsjerketsjinst
Yn ferban mei it koroanafirus ferfalle yn Fryslân de kommende wiken hast alle tsjerketsjinsten. Om de Friezen dochs in tsjerketsjinst belibje te litten, stjoert de Omrop de kommende sneinen fan 10.00 oere ôf live in tsjinst út. By de spesjale tsjerketsjinst binne gjin tsjerkegongers oanwêzich. De live útstjoering is te folgjen op telefyzje, radio en online.

maart 16, 2020 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.