Nostalgyske reiskes foar Friezen om utens

maart 2, 2020 08:57

De nichten Gerlinda Scheepsma en Marieke Woudstra fan bêd en brochje De Dream yn Ljouwert organisearje reiskes foar Friezen om utens. Hja sykje de stambeam fan de gasten út en dan geane se mei in buske de plakken bylâns dêr’t de foarâlden wenne hawwe. De gasten binne dan útfanhûs yn De Dream.

Gerlinda Scheepsma (lofts) en Marieke Woudstra (rjochts) (foto: B&B De Dream)

Famyljewykein
De Dream nimt de gasten mei nei de Fryske argiven, dêr’t se de resultaten fan de syktocht nei harren famylje besjogge. Dêrnei wurde de wenplakken fan de foarfaars besocht. Dêr sille lokale Friezen harren rûnliede en dêr ite se in hapke. As it slagget, wurdt in middeismiel fersoarge by ien út it doarp dêr’t de famylje wei komt. De oare dei ferkenne se dy omkriten. De besite wurdt ôfsletten mei in feestlik miel yn in Fryske ambiânse, dêr’t Fryske produkten sintraal yn stean.

Der kin ek noch in dei kultuer of natuer oan fêstknope wurde. B&B De Dream biedt ferskate arranzjeminten oan.

Sjoch op www.dedream.frl foar mear ynformaasje.

maart 2, 2020 08:57
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Hans J. Weijer maart 2, 16:29

    Neffens my echt in gat yn ‘e merk!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.