Nije grammatika fan it Noard-Frysk online
Resint ferskynd

De maksters fan de nije grammatika fan it Feringer Noard-Frysk (foto: Nordfriisk Instituut)
It Nordfriisk Instituut hat in nije, publyksfreonlike grammatika makke fan it Noard-Frysk fan it eilân Feer/Föhr. Dat saneamde Feringer Noard-Frysk is beskreaun yn in boek fan 116 siden. It beskriuwt de stavering, de útspraak en de syntaksis. It boek is ein ferline jier ôfmakke en it is no fergees op it ynternet set.
De makkers binne Antje Arfsten, Anne Paulsen-Schwarz, Lena Terhart en Johanna Gregersen. Hja woene mei it boek in neislachwurk meitsje foar minsken dy’t Noard-Frysk (better) leare wolle. Der komt ek noch in ferfolch: in grammatika fan it Mooringer Noard-Frysk, dat frijwat ôfwykt fan de eilândialekten.
De Feringer grammatika is hjir te finen: link.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje