Nije Flaamske heechlearaar sil yn Utert omtinken jaan oan it Frysk

maart 8, 2020 16:54

Hans van der Velde (boarne: Fryske Akademy)

It mei dan gâns minder wurden wêze mei de stúdzjerjochtings Frysk oan Nederlânske universiteiten en hegeskoallen – in folsleine stúdzje Frysk is der allinnich noch by hegeskoalle NHL Stenden en allinnich de Ryksuniversiteit Grins en de Universiteit fan Amsterdam hawwe noch in offisjele heechlearaar Frysk. Dochs liket it Frysk der fia efterdoarkes wer wat yn te kommen.

In foarbyld is fansels it lektoraat meartaligens fan Joana Duarte by NHL S. Hja waard dizze wike ek beneamd ta heechlearaar wrâldboargerskip en meartaligens yn Amsterdam. Hja sjocht it Frysk en benammen it ferbetterjen fan it plak fan it Frysk yn it ûnderwiis as in wichtich part fan har taak. Sjoch dêroer dit stik.

Frou Duarte is in Portugeeske. In oare nije perfester mei in waarm hert foar it Frysk is ek in bûtenlanner. De Flaming Hans van de Velde wurdt heechlearaar sosjolingwistyk oan de Universiteit Utert. Van de Velde wurket al in pear jier foar de Fryske Akademy en sil no in dei yn ‘e wike ek yn Utert oan de slach mei it ûndersykjen fan taal yn de maatskippij. Hy wol him benammen rjochtsje op de útspraak fan it Frysk en it Nederlânsk. Dat er gjin Fries is, is neffens him in foardiel. Hy seit: “Ik kan met een frisse blik naar de taal kijken. Mij vallen bepaalde zaken op die iemand die zelf Fries is normaal vindt en er daardoor zo aan voorbij gaat.”

Der hat yn Utert wol in learstoel Frysk west. De lêste perfester dy’t dêr siet, Germen de Haan, ferhuze yn 1990 nei Grins ta.

Van de Velde hâlde woansdei syn oraasje. Klik hjir foar in ferslach dêrfan troch Pier Bergsma.

maart 8, 2020 16:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.