Nij: alle trochdewykse dagen les fan ‘Het Klokhuis’

maart 20, 2020 09:31

Mei alle dagen in kreative opdracht hoecht net ien him de kommende wiken te ferfelen

Utstjoering: alle dagen om 14.00 streekrjocht op Facebook, Instagram, YouTube, Twitter, TikTok en hetklokhuis.nl.

Dyn earste game bouwe? In fette gûcheltrúk leare? Barchje Rund tekenje? Yn de bysûndere wiken dy’t komme sille, witte we ien ding: alle bern fan Nederlân sitte thús en hawwe in hiele protte… TIID. Hoe silsto dy tiid folje? Doch live mei oan de Klokhuis Masterclasses. Makkest dingen dêr’tst oars nea oan begûn wiest, en learst dingen dy’tst oars nea begrepen hiest. En, hast even kontakt mei de rest fan Nederlân.

Ofbylding: NTR

Alle dagen om 14.00 oere wurdt it programma streekrjocht útstjoerd op it YouTube-, Instagram-, TikTok-, Facebook- en Twitterkanaal fan Het Klokhuis én op hetklokhuis.nl, dêr’t in Klokhûspresintator út syn/har hûs wei in kreative opdracht jout dy’t útfierd wurde kin mei guod datst yn ’e hûs hat. Ut in oare lokaasje yn Nederlân wei is der in streekrjochte ferbining mei in ekspert. Hy/sy nimt de dielnimmers by de hân, fertelt se alle details en beäntwurdet alle tinkbere fragen.

Elkenien dy’t fragen hat, kin se live stelle. In tige ynteraktive masterles dus, dêr’t bern (en âlden) út hiel Nederlân ien oant oardel oere tagelyk oan ’e slach gean om wat moais te meitsjen. Gesellichheid en humor stean foarop. Giet it ferkeard? Bist in nifelknies? Stroffelest oer dyn eigen fuotten? Makket net út, it Klokhûs lûkt dy der wol trochhinne.

De ôfrûne dagen is test mei de livestream, en it wurket! Sjoch hjir werom hoe’t animator Michiel Hoving ús learde om Barchje Rund te tekenjen. Underwerpen yn de oankommende masterlessen binne ûnder mear striptekenjen, jazzdûnsjen, nepwûnen meitsje, sjips bakke, karate en games bouwe.

maart 20, 2020 09:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.