Nei de oare kant fan ’e wrâld (yntroduksje)

maart 5, 2020 18:43
Fan takomme wike ôf publisearje wy hieltyd yn dizze rubryk op tongersdei in rige reisferslaggen dy’t Geeske van der Sluis ferline jier makke en nei famylje en freonen stjoerde doe’t se fan maart oant july op Kuba wie. Hjoed begjint dy rige mei in algemiene ynlieding dy’t se op ús fersyk skreau. Redaksje.

Myn namme is Geeske van der Sluis en ik bin 21 jier âld. Doe’t ik ferline jier ynienen in healjier frij wie, haw ik de kar makke om foar fiif moanne nei Kuba te gean.

Sûnt 2016 folgje ik de learare-oplieding Nederlânsk en Frysk op NHL Stenden yn Ljouwert. It tredde jier haw ik yn in healjier dwaan kinnen en sadwaande wie der tiid om nei de oare kant fan ’e wrâld te reizigjen. Op Kuba praat de befolking Spaansk. De Spaanske taal hat my altyd bot ynteressearre en ik hie al lang in winsk om my dy moaie taal eigen te meitsjen. Tweintich jier lyn hawwemyn âlden nei Kuba west foar in fakânsje. Sy hawwe dêr kunde oan oerholden en sa hie ik in maklike konneksje mei it lân.

No is it fansels wol in hiel aventoer foar sa’n nochter fanke as ik. Ik bin berne yn De Harkema en wenje no al 16 jier yn Koatstertille. Ik hie fansels goed yn ’e gaten dat ik yn in hiel oare kultuer as de Wâlden bedarje soe. Nettsjinsteande dat tocht ik dat ik my wol aardich rêde soe op dat prachtige en benammen ynteressante eilân. Fansels hie ik ek in fertroud gefoel by it lân trochdat de kunde fan myn âlden: Alysney, my wol fertroud meitsje soe mei de kultuer. Sy soe my bygelyks ek helpe by it sykjen fan in wenning en my opjaan foar de kursussen Spaansk. Dy kursussen soe ik folgje op de University of Havana.

Nei in healjier fan hurd wurkjen wie it dan einlings tiid om op reis te gean. It lêste guod waard kocht, de koffer waard ynpakt en doe wie it dochs echt tiid om ‘oant sjen’ te sizzen tsjin myn famylje, freonen en it moaie Fryslân. Ein febrewaris 2019 begûn myn reis foar fiif moanne. Op Kuba haw ik alle wiken in blog skreaun oer myn aventoeren. Dy sille fan nije wike ôf op It Nijs te lêzen wêze. Sa wol ik, mei myn Fryske roots, de lêzers meinimme nei de oare kant fan ’e wrâld.

Geeske

maart 5, 2020 18:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.