Nei de oare kant fan ’e wrâld  (wike 3)

maart 26, 2020 07:00
Wat deroan foarôf gie is hjir te finen.

Geeske yn âld-Havanna

Guon freonen hawwe my sein dat ik net nei Nederlân werom komme mei, as ik de salsadâns net behearskje, dus ik haw my der fan ’t wykein mar ris oan weagje. Ik moat sizze dy Kubanen binne wol hiel linich yn ’e heupen. Ien út myn klasse hat de salsales fan twa oeren regele. De dosint kaam (fansels in healoere te let) by him thús en sa hawwe wy mei acht man de begjinstapkes fan ’e salsa leard. Yn it begjin gie it hiel aardich, mar letter waard it dreger. It swit siet my oeral, mar it wie in moaie ûnderfining.

Snein haw ik mei myn 82-jierrige húsbaas nei syn tsjerke west. Hy is dêr dominy. It is in ynternasjonale tsjerke dêr’t minsken hinne kinne dy’t noch net salang op Kuba binne en de taal noch net foldwaande behearskje. Ideaal foar my dus. De hiele tsjinst is yn it Ingelsk. Der komme net allinnich mar bûtenlanners, mar ek Kubanen. Sa as de measte Kubanen, kinne se hast gjin Ingelsk, dus foar harren is der ien dy’t it fia in earke oerset nei it Spaansk. Ik krige in waarm wolkom en it wie in prachtige tsjinst. Hiel tafallich wie der ek in Nederlânsk pear út Grins. De man fan it pear joech in tsjûgenis. It wie hiel ymposant. De minsken yn ’e tsjerke binne sa suver; ik fyn dat prachtich om te sjen en it ek sa ris te belibjen.

Dizze wike is hurd gien. Op skoalle giet alles goed. Ik fernim dat it by de dei better giet mei myn Spaansk en benammen mei it folgjen fan ’e lessen en it meitsjen fan it húswurk. Ik ferstie nammentlik de earste trije dagen mar ûngefear tweintich persint fan wat de dosint allegearre sei en no folgje ik eins alles wol. Ik fernim wol dat ik hiel gau oergean op it Ingelsk. Dêr moat ik echt oan wurkje. As der ris in Kubaan is dy’t Ingelsk prate kin, gean ik fuort oer op it Ingelsk. Myn dosint kin ek goed Ingelsk (ek al wol se dat nea prate). Ik wit dat se it kin, omdat se bytiden by ûngelok reagearret yn ’t Ingelsk. Dus by har stel ik de fragen ek wolris yn it Ingelsk. Dan is it meastentiids: “Geeski, en Español por favor” en dan wit ik wol wer genôch. Myn namme is trouwens aardich dreech foar de Kubanen. De dosint hat der in wike oer dien om my net mear ‘Ges’ te neamen, mar ‘Geeski’.

Woansdei haw ik tegearre mei in klassegenoat op it dak fan Hotel Capri te swimmen west. Offisjeel is it allinnich foar de minsken dy’t yn it hotel ferbliuwe, mar it like ús eins ek wol moai ta. It wie hearlik en it útsicht oer de stêd en Malecón wie prachtich. De sinne wie hiel krêftich. Ik bin sels in bytsje ferbaand.

Ik bin benijd wa’t mei my de salsadûns dwaan wol as ik werom bin! Ik soargje foar de muzyk.

Geeske van der Sluis

maart 26, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.