Nei de oare kant fan ’e wrâld  (wike 2)

maart 19, 2020 07:22

Sjoch foar it foarôfgeande evt. https://www.itnijs.frl/2020/03/nei-de-oare-kant-fan-e-wrald-wike-1/

Doe’t ik hast twa wike lyn op Kuba oankaam, hie Alysney al wat guod foar my klearlein yn it húske: sjippe, toskboarstel, wat iten en sa. Sa koe ik my de earste pear dagen knap rêde. Spitigernôch wie dat húske te fier fan myn skoalle ôf. Sadwaande bin ik ôfrûne saterdei nei in oar plak yn Havana ferhuze.

Alysney sei tsjin my dat ik al it guod dat se my jûn hie ek meinimme moast nei myn nij adres. Ik hie noch wat bôle, rys en pyk (dat is ek sawat alles hjir wat ik yt). Ik stie bûten; klear om fuort. De húsbaas wie hiel freonlik en soe my helpe om it guod yn de auto te setten. Ynienen seach er de pyk yn myn tas. Hiel ferwûndere frege er: “Are you stealing my chicken?” Ik sei: “Oh, no no no…” No ja, besykje dat mar ris út te lizzen oan in Kubaan dy’t amper Ingelsk praat en ik sels un poco Español.

Ik wenje no yn in wat toeristysker plak, Vedado, hertsje Havana. De wize fan wenjen is ek hiel oars. Ik ferbliuw nammentlik by in 82-jierrige Kubaan yn ’e hûs. Nije wike komt syn frou werom fan in famyljebesyk oan har bertelân. Ik diel no de húskeamer, keuken en badkeamer. Wer ris wat oars! Ik haw lokkich wol in eigen sliepkeamer. Ik hear jim al tinken…

It beteljen hjir yn Kuba is betiizjend. Der binne twa faluta’s: cup en cuc. De cup is foar de Kubanen en de cuc, dy’t lyk stiet oan de Amerikaanske dollar, foar toeristen. Eins wurket dat net hielendal sa. By in soad winkels en op de merk kinst mei beide betelje. Do krigest bytiden wol dyn wikseljild yn cup werom ast mei cuc betellest, mar dat jild komt altyd wer fan pas. Bygelyks foar de bus of taksy. Ik haw in foto fan de beide faluta’s tafoege. Oan de linkerkant hast de cup en oan de rjochterkant de cuc. Miskien nuver, mar de wearde fan de linkerkant stiet lyk oan de wearde fan de rjochterkant. Ien cuc is 25 cup.

Sa wie ik op de merk om in ananas te keapjen. Ik tocht, dat moat wol slagje mei twa cuc. Dus sa betelle ik dy frou. Ik krige in soad cup werom. De ananas hat my mar 0.35 eurosint koste. Dat is hiel goedkeap, yn fergeliking mei it oare iten en drinken hjir, dat fergelykber is mei de prizen yn Nederlân. Kuba is wat dat oanbelanget echt net in goedkeap lân.

Moandei haw ik myn earste skoaldei hân. Myn stúdzjegenoaten binne hiel freonlik. De lessen binne fan 09:00 oant 12:30 oere. Nei de lessen ite we meastentiids wat mei-inoar of dogge wat yn ’e middei of jûntiid. De kursussen om de Spaanske taal te learen begjinne elke earste moandei fan ’e moanne. Der binne yn totaal fiif nivo’s. Nivo ien is foar de echte begjinners en nivo fiif foar ekselinten. Moandei haw ik in ynstaptoets hân (skriftlik en mûnling) dy’t myn nivo bepale soe. Myn skriftlike toets gong striemin, mar myn mûnlinge toets gong aardich goed tocht ik. Blykber net, want de namme Geeske van der Sluis stie moai by nivo ien. Dus ik wit net wat ik sein haw by dat mûnling… It sil fêst in nuver petear west ha.

It like mysels ek goed ta om by it begjin te begjinnen en de basis nochris goed te hearren. Ik haw twa jier Spaansk hân op de hafû, mar in soad is my ûntsketten.

Nei twa lesdagen haw ik dochs besletten om nivo twa te besykjen om mysels wat mear út te daagjen. By nivo ien wist ik eins it measte al wol en de oare studinten hienen echt noch nea in Spaansk wurd leard, dus dat ferskil fûn ik te grut. Ik wol myn tiid hjir leaver net fergrime, dus ik tocht ik besykje nivo twa. No bin ik twa dagen op nivo twa en it is aardich dreger, omdat it tempo heger leit, mar no jout it my wol mear útdaging. Wy sille sjen hoe’t it de kommende wiken gean sil!

Ik sil wer út it wifipark. Op nei de lêste skoaldei foar it wykein!

Geeske van der Sluis

maart 19, 2020 07:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.