Nei de oare kant fan ’e wrâld (wike 1)

maart 12, 2020 07:57
Sjoch evt. https://www.itnijs.frl/2020/03/nei-de-oare-kant-fan-e-wrald-yntroduksje/

Dikke krûp oan Heit, Mem, myn bruorke en suske, en dêr gong ik yn myn ientsje nei Kuba. It ôfskied foel my swier.

De fleanreis fan dik tsien oeren wie… Ja, hoe sil ik it ris omskriuwe? It wie in nochal ûnberekkenber reiske. Achter my siet in Sinees te rocheljen. Hy spuide de rochels lokkich út yn in pûdsje. Foar my siet in stel dat by elke slok drank tocht: ‘Lekker, lekker, lekker wat is dat spul dochs lekker.’ Ja, en net in bytsje. Hja koenen net mear rjocht rinne en de stewardessen waarden ek wat ‘not amused’ fan de acht lytse fleskes reade wyn dy’t hja derwei tôgje moasten.

Alysney en Geeske

Fierder gong de reis goed. Bytsje pineholle en wat weeïch op de mage fan it ôfskied, mar dat bedoar de wille net. It iten en drinken hat KLM goed foarinoar. Dat tocht it ferslaafde stel ek doe’t hja it reade wyntsje op de kaart seagen. Mar spitich foar harren krigen se dat net mear fan it KLM-personiel. Ik haw it by in kolaatsje hâlden.

Doe’t ik oankaam wie ik hiel bliid. It seach der allegearre prachtich út en it wie ekstreem waarm (om 17.00 oere). Tegearre mei in Poalsk fanke, dat njonken my yn it fleantúch siet, haw ik útsocht wêr’t de dûane wie en dêrnei ha we de bagaazje ophelle.

Alysney stie tegearre mei in freondin fan har te wachtsjen op my. Ik krige in hiel waarm wolkom. Wy waarden yn in moai read dopke ferfierd nei it húske dêr’t ik earst ferbliuwe sil. It stiet by in tsjerke en is hiel rom.

Ut myn earste ûnderfiningen nimme Kubanen it net sa krekt mei de tiid. Ik haw oant no trije kear in ôfspraak mei immen hân en alle trije kearen kaam dy mear as oardel oere letter as de ôfsprutsen tiid.

Tongersdei haw ik studinten út Noarwegen moete. Sy dogge hjir de bibelstúdzje. Dat wurdt regele troch it bedriuw dêr’t Alysney foar wurket. Wy hawwe nei âld-Havana west. It wie in prachtige dei. It wie moai om ris minsken te moetsjen dy’t hjir net wenje. Ik bin hieltyd ûnder de locals, dus dit wie ek wolris aardich.

It is op Kuba in hiel oar libben as dat ik wend bin. De wifi kinst foar ien oere keapje. Dan moatst nei in wifipark rinne en dan kinst ien oere op de wifi. Fierder moatst hjir ek echt op syk nei iten. Net elk winkeltsje hat alles. Efkes wenne dus!

Moandei is myn earste skoaldei oan de University of Havana! Sin oan!

Geeske van der Sluis

Auto dy’t njonken it hûs stie

 

maart 12, 2020 07:57
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Inne Bilker maart 18, 10:18

    Tige nijsgjirrich, Geeske. Ik bliuw dy folgjen.Hertlike groet.

  2. --- maart 18, 18:04

    @Foto Is dat no in ‘ientsje’ en giesto dêr yn?

  3. Geeske Van der Sluis maart 20, 18:10

    Sa moai as wat, Inne. Tige tank! Groetnis!

    @auto > Dat tocht ik net. Ik haw der spitigernôch net sels ynsitten. In soad taksys wiene ek sa, mar dan wat âldere typen. Dêr siet ik deistich yn.

  4. X maart 20, 18:59

    @dat wie in flau grapke fan my. In m’n eentje = lykme allinne

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.