Muzykmoarn yn De Knipe

maart 4, 2020 14:20

Ofbylding: Intrada

Yn jannewaris 2019 waard de sjongbondel Hertslach – Lieten om it út te sjongen presintearre yn de tsjerke fan Winsum. De bondel befettet in breed skala fan 170 geastlike lieten dy’t makke binne troch ûnderskate tekst- en toandichters.

Nei de presintaasje hat it Kwartettekoar ûnder lieding fan Hindrik van der Meer mear as fjirtich tsjerken oandien om dy lieten yn sneintemoarnstsjinsten ûnder de minsken te bringen. Dy toernee sil kommende snein, 8 maart, ôfsletten wurde, ek wer yn Winsum.

Op sneon 21 maart hâldt muzykútjouwerij Intrada fan It Hearrenfean fan 9.30 oant 12.30 oere in spesjale moarn om oan in breed publyk de koar- en begeliedingspartitueren by Hertslach te presintearjen. Dat sil wêze yn de Nij-Brongergeatsjerke, Meyerweg 70 yn De Knipe. Dêr sille oan meiwurkje it Gemeentekoar fan de Protestantske gemeente Tsjalbert-De Knipe, Saskia de Jong, fluit, Afke Wijngaarden, piano, Jan de Jong, harmoanium en it Kwartettekoar, dat ûnder lieding stiet fan Feike van Tuinen, wylst Gerben van der Veen de algehiele lieding hat.

Opjaan foar dy moarn kin mei it oanmeldingsformulier.

maart 4, 2020 14:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.