Michelle David & The Gospel Sessions yn Neushoorn

maart 5, 2020 09:09

Michelle David & The Gospel Sessions komme sneon 7 maart (20.00 oere, Grutte Seal) nei Neushoorn om it útkommen fan harren nije album te fieren. Foar dit fjirde album gong de band fierder mei syn syktocht nei de oarsprong fan de Gospel. Op de plaat binne ynfloeden te hearren út West-Afrika en it Karibysk gebiet, oergetten mei Michelle har persoanlike ûnderfiningen.

Michelle David (boarne: Neushoorn)

Neffens Michelle David draait muzyk net allinne om de sterke hits en moaie shows, mar foaral om it reitsjen fan herten en it meitsjen fan in konneksje. ‘It moat net allinne gean om it skoaren fan hits en it winnen fan prizen, mar om de minsken. Dêr krije jo safolle mear foar werom.’ Michelle sjocht it dan ek as har missy om oare minsken te helpen mei har muzyk en dy fan The Gospel Sessions. Har nûmers komme har djip út it hert en dat soarget foar in djipgeande konneksje mei it publyk.

Yn de tiid fan har tredde album ferlear Michelle yn koarte tiid in soad dierberen. Har mem wie dêr ien fan. Muzyk sleepte har troch dy drege tiid wat dúdlik op it album te hearren is. It fjirde album hat op ’e nij in persoanlik ferhaal. Begjin 2019 krige Michelle nammentlik in klap te ferwurkjen: se bliek boarstkanker te hawwen. By har gefjocht mei dy freeslike sykte skreau se it nije album. ‘It skriuwen fan it album hat my o sa holpen. As ik dat net hân hie, hie it echt in hiele tsjustere perioade west. (…) Om Tina Turner efkes te sitearjen: “It is possible to turn poison into medicine.”’ Aldergeloks wie se der op ’e tiid by en liket alles ûnderwyls goed te gean. De enerzjy dy’t hja út muzyk hellet om troch te gean, isjop ’e nij werom te hearren yn har teksten.

Striidfeardich, triomfantlik en aventoerlik: sa klinkt de nije plaat fan Michelle David & The Gospel Sessions. Muzyk helpt de sjongeres oeral trochhinne en se hopet dat har eigen muzyk dat ek mei oaren docht. It publyk kin him ûnder de show yn Neushoorn reitsje litte troch de ferhalen yn Michelle har muzyk en de universele ferbining ûnderfine dy’t muzyk jout. Hat Michelle mei har ferhaal minsken ynspirearre en wolle dy dat graach sels tsjin har sizze, dan kinne se nei de show mei har by de ferkeapkream yn ’e kunde komme.

Mear ynformaasje: neushoorn.nl/production/michelle-david-the-gospel-sessions.

Fierder yn Neushoorn:
De Edwin Evers Band nimt de harkers op tongersdei 5 maart (19.30 oere, Grutte Seal) mei werom nei de ikoanyske jierren ’80, in desennium mei grutte barrens en fenomenale muzyk. Under lieding fan radio-dj Edwin Evers is dy útferkochte show in feest fan werkenning fol enerzjy en entûsjasme.

Sneon 7 maart (20.00 oere, AA-Security Arena) is de earste edysje fan de Friese Vinyl Club. Dat inisjatyf presintearret alle edysjes in nije Fryske act en set dy op plaat. Soks om Frysk talint te stypjen. De earste edysje wurdt ôftrape mei synthrockers Hilbrandt, dy’t by dy releaseshow harren 12” presintearje. Besikers geane boppedat mei de lp ûnder de earm nei hûs!

maart 5, 2020 09:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.