Marga Minco, it skaad fan it oantinken

maart 31, 2020 09:30

Marga Minco, yn 2019 bekroane mei de P.C. Hooftpriis, wurdt hjoed, 31 maart 2020, hûndert jier. Yn har oeuvre  binne de Dútske besetting en it tafal fan oerlibjen weromkommende tema’s. Moetings mei de skriuwster, thús efter har skriuwtafel.

Marga Minco (foto: NTR)

Yn De schaduw van de herinnering (2010), de dokumintêre fan Maarten Schmidt & Thomas Doebele, stean trije ferhalen út it oeuvre fan Marga Minco sintraal: ‘De Mannen’, ‘Het dorp van mijn moeder’ en ‘Het adres’. It binne trije bepalende mominuten út it libben fan de skriuwster, dy’t as iennige fan in ortodoks-joadskse húshâlding de Twadde Wrâldoarloch oerlibbe.

“Ik moast der wat mei dwaan. Ik woe dat de persoanen yn myn boek langer libben, langer neamd wurde soene as de tragyske werklikheid.”

Marga Minco hat de oantinkens en ûnderfinings fan de Twadde Wrâldoarloch yn har ferhalen en romans ferwurde. Se fertelt oer wat har en har famylje oerkaam is. By in oantal moetings mei de skriuwster, thús efter har skriuwtafel, foarmje trije ferhalen útgongspunt foar de petearen. It hawwe trije beslissende mominten foar har west: it beslút om te flechtsjen en har âlden efter te litten, it om ’e nocht besykjen om har heit en mem te hoedzjen foar transport út Westerbork, en nei de oarloch it ôfskie fan de taastbere oantinkens oan har famylje. Dy bepalende mominten yn it libben fan in Joadske famylje mei de Dútske besetting, hat Minco op tige sobere en ynkringende wie yn har oeuvre ferwurke.

Marga Minco, yn de dokumintêre njoggentich jier, sit noch alle dagen efter har typemasine en fertelt oer har oantinkens, it skriuwen en de werklikheid.

Utstjoering: tiisdei 31 maart om 23.10 oere op NPO 2 yn Het Uur van de Wolf.

maart 31, 2020 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.