LTO Noard biedt leden psychososjale stipe yn koroanakrisis oan

maart 25, 2020 10:19

LTO Noard wol leden dy’t it dreech hawwe de kommende moannen maksimaal stypje. Neist finansjele gefolgen troch in ôfnimmende ôfset, hat in part fan de leden ferlet fan psychososjale stipe. Dy stipe wurdt de kommende tiid jûn troch meiwurkers dy’t dêr ûnderfining mei hawwe.

“As organisaasje binne wy der foar leden dy’t it dreech hawwe,” seit foarsitter Dirk Bruins. “Tsjin harren soe ik sizze: skromje net om te skiljen, wy binne der foarinoar.” Foar de psychososjale kant fan it ûndernimmerskip hat LTO Noard leechdrompelich in lústerjend ear, profesjoneel advys en ferwiist as dat winsklik is troch nei spesjalisten. LTO Noard wurket gear mei ferskate ûnôfhinklike coaches, Agroszorgwijzer, Zorg om Boer en Tuinder en mei de professionals fan it Vertrouwensloket Welzijn Landbouwhuisdieren.

Foar Bruins is it fan belang dat leden har goed fiele. “De krisis is pas krekt begûn. Mooglik sitte wy noch lang thús en slacht de eangst foar it koroanafirus ta. Dat is hiel begryplik en it is wichtich om dêr dan oer te praten.” Neist it feit dat leden skilje kinne oer harren situaasje hat Bruins ek ôfdielings- en regiobestjoerders frege om leden yn ’e gaten te hâlden. “As wy it sinjaal krije dat it net goed giet mei in lid, dan sille wy kontakt opnimme om te freegjen oft wy wat dwaan kinne.”

maart 25, 2020 10:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.