Liet Ynternasjonaal 2020 annulearre yn ferbân mei koroanafirus

maart 12, 2020 08:42

De Deenske organisaasje fan Liet Ynternasjonaal 2020 hat besletten om it Europeesk sjongfestival foar regionale en minderheidstalen te annulearjen fanwegen it koroanafirus. It festival soe op 3 en 4 april holden wurde yn it Deenske Apenrade.

Nije easken fan it Deenske regear en de sûnensautoriteiten ha de organisaasje lykwols twongen Liet International 2020 te annulearjen. Troch it dielnimmen fan tweintich bands en solo-artysten út hiel Europa binne de risiko’s fan fierdere fersprieding fan it firus op dit stuit te grut. De Deenske organisaasje hat it beslút juster yn goed oerlis mei Stifting Liet ‘91 naam. De dielnimmers binne yntusken allegear op ’e hichte brocht.

“It spyt ús dat wy twongen binne om dit evenemint te annulearjen – sawol foar it publyk, de artysten, ús partners en sponsors en foar ús as organisatoaren. Wy seagen der echt nei út om de 2020-festiviteiten mei dit muzykevenemint te fieren”, seit wurdfierder Uffe Iwersen fan de organisaasje. “Wy witte noch net oft wy Liet Ynternasjonaal 2020 op in letter momint organisearje kinne. Kaartsjes dy’t al kocht binne wurde fansels fergoede.”

Noardlik fan de Deensk-Dútske grins yn Noard-Sleeswyk wenje sa’n 15.000 minsken dy’t by de Dútske minderheid hearre. De Dútske minderheid yn Noard-Sleeswyk hat eigen skoallen en in grut ferskaat oan sosjale en kulturele organisaasjes en soarget foar in wichtige skeakel tusken de Dútske en Deenske kultueren. Mear ynformaasje oer de Dútske minderheid en de Dútsk-Deenske grinsregio kin hjir fûn wurde: www.bdn.dk & www.nordschleswig.dk.

It sjongfestival foar regionale en minderheidstalen Liet Ynternasjonaal is in Frysk inisjatyf en waard yn 2002 foar de earste kear yn Ljouwert organisearre. Sûnt 2006 reizget it festival troch Europa en sûnt 2008 ûnder de beskerming fan de Ried fan Europa. Liet International lûkt elts jier in soad oandacht fan de media – fan BBC oant Al Jazeera – en is útgroeid ta ien fan de grutste eveneminten foar de promoasje fan minderheidstalen. Yn 2018 wie de lêste edysje fan Liet Ynternasjonaal ek wer yn Ljouwert. Mear ynformaasje oer Liet Ynternasjonaal is hjir te finen: liet-international.com.

maart 12, 2020 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.