Leger stiet klear om macht yn Feriene Steaten oer te nimmen

maart 25, 2020 20:58

Terrence O’Shaughnessy (foto: Wikipedia)

It kin samar wêze dat de Feriene Steaten fan Amearika oer in pear dagen bestjoerd wurde troch it leger. Generaal Terrence O’Shaughnessy ret him derop ta om de lieding fan it lân oer te nimmen. Dat hat it Amerikaanske tydskrift Newsweek buorkundich makke.

Ta de maatregels dy’t de FS nommen hawwe om it lân bestjoerber te hâlden yn tiden fan koroana, heart in nije kriichswet. Dy hâldt yn dat it leger de macht oernimme kin as dat nedich is. Dat kin it gefal wêze as presidint Trump en fise-presidint allebeide slim siik wurde of ferstjerre, en as it parlemint net mear byinoar komme kin of der tefolle parlemintsleden siik of dea binne.

Generaal O’Shaughnessy soe yn dat gefal oerbefelhawwer wurde en it deistich bestjoer fan it lân op him nimme. O’Shaughnessy is generaal fan de Amerikaanske loftmacht en lieder fan NORTHCOM, in legerûnderdiel dat as doel hat om it lân bestjoerber te hâlden yn tiden fan rampen.

De Amerikaanske minister fan definsje Mark Esper hat O’Shaughnessy yn febrewaris lêst jûn om him ta te rieden om bûtengewoane opdrachten. Dêrûnder falle it ferfieren fan de wichtichste politisy fan it lân nei feilige plakken, mar ek it oernimmen fan it boargerbestjoer troch it leger.

maart 25, 2020 20:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.