Koroanaswierrichheden gauris by grouwe minsken

maart 30, 2020 21:03

Fan ‘e ljuwe dy’t troch it koroanafirus op ‘e ôfdieling yntinsive soarch fan in Nederlânsk sikehûs bedarje, is tachtich persint te swier. Groulivigens liket in wichtige faktor te wêzen dy’t de slimmens fan ‘e krupsje beskiedt, ornearje Diederiek Gommers (foarsitter fan de Nederlânsk feriening fan ôfdielings yntinsive soarch) en Peter van der Voort (haad fan ‘e yntinsive soarch yn it Grinzer sikehûs UMCG).

Mei dy tachtich persint binne de swiere liven rom oerfertsjintwurdige: likernôch fyftich persint fan de ynwenners fan Nederlân is te swier. Gommers en Van der Voort neame ferskate oarsaken fan it grutte oanpart: dy’t te grou is, hat in swier boarst en dat makket it sykheljen dreger. Fierders libje te grouwe minsken gauris net botte sûn: harren kondysje is minder en hja krije de ferkearde stoffen binnen. Grouwens is bûtendat gauris it gefolch fan sûkersykte of bloedstiging, krupsjes dy’t de lea gâns faksearje. En in te swier lichem kin it ymmúnsysteem skansearje.

De Rotterdamske ynterniste Liesbeth van Rossum warskôget dûbele ljuwe lykwols om net fuort op in dieet. Hja seit: “Natuurlijk is het goed om obesitas op te lossen, maar dat is niet in een dag gebeurd. Dan moet je langdurig je eet- en leefpatroon veranderen, en dat is niet makkelijk in zo’n quarantaineperiode. Ook moet de oorzaak van de obesitas worden aangepakt. Dat kan bijvoorbeeld stress of slaaptekort zijn.” De dokterske wol hawwe, wa’t tefolle spek op ‘e ribben hat, moat der foaral om tinke dat er it firus net skipet. En wa’t der no raar ta sit, om’t it thússitten spannings opsmyt, moat neffens har net út ‘e need nei de flaubiten en de drank gripe, mar treast sykje yn in sûn hanneljen.

maart 30, 2020 21:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.