Koroana en ús ambifalinte relaasje mei firussen

maart 29, 2020 21:27

Firussen lizze op in minne namme, al hielendal no’t in koroanafirus de lêste moannen mear as 30.000 deaden feroarsake, de wrâldekonomy foar in foarnaam part stilset en ús sosjale libben yn ûnstjoer brocht hat. Lykwols hienen we sûnder firussen net west wa’t wy no binne.

Wat is in firus?

In firus hat in diameter tusken de 20 en 300 nanometer (= miljardste meter) en bestiet út erflik materiaal dat by steat is en plantsje him fuort troch it reproduksje-apparaat fan libbene organismen te brûken. Mei’t firussen gjin eigen fuortplantingsapparaat hawwe en likemin in autonome stofwiksel, binne se folslein ôfhinklik fan oare organismen en dêrom foldogge hjasels net oan de gebrûklike kritearia foar de definysje fan libben. In firus bestiet út in klobke genetysk materiaal yn in aaiwytmantel, dy’t beskerming biedt tsjin ferneatiging troch antylichems en dy’t it mooglik makket om oan spesifike sellen fan gasthearen te keppeljen. Nei’t dy keppeling ta stân brocht is, wurdt genetysk materiaal fan it firus yn de gasthearsel brocht. It firus kaapt dêrnei de aaiwytmasinery fan de sel om firusmateriaal te fermannichfâldigjen. Op in stuit laat dat proses ornaris ta de dea fan de gasthearsel. Sadwaande komt it nij produsearre firusmateriaal frij dat fannijs sellen oanfalt.

Firusynfeksjes

In protte firussen binne oanpast oan ien (type) gasthear. Firussen kinne fan generaasje op generaasje wol feroarje en harren ek oanpasse oan nije gasthearen. As twa firussen deselde gasthearsel op itselde stuit ynfektearje, kin genetysk materiaal útwiksele wurde – neam it mar ‘firale seks’ – sadat der folslein nije firussen ûntstean. Oanpaste en nije firussen binne benammen gefaarlik foar minsken om’t ús ymmúnsteem dêr noch net op ôfjage is. Dat is no it gefal by it koroanafirus – sa neamd om’t der aaiwiten út de mantel stekke en dêrmei in krâns foarmje (‘corona’ yn it Latyn, allyksa wurdt de sinne-atmosfear koroana neamd) – dat de minskheid op it heden tamtearret en mooglik op in Sineeske merk fan in flearmûs fia skobdieren op de minske oerstapt is. It fleis fan de tige bedrige skobbisten jildt as in delikatesse yn Sina, wylst de skobben temealle yn tradisjonele Sineeske medisinen ferwurke wurde. Guon Sinezen ha boppedat foar gewoante om fan flearmûzen sop te lûken. In firusynfeksje kin net mei antybioatika bestriden wurde. Der binne wol stoffen dy’t spesifyk de wurking fan guon (typen) firussen fersteure en as genêsmiddel ynset wurde.

Mei in rasterelektroanemikrsoskoop makke foto fan selweefsel (hjir grien kleure) dat swier ynfektearre is mei SARS-CoV-2 firusdieltsjes (pears) dy’t de hjoeddeistige koroanagoarre COVID-19 feroarsaakje. Boarne: NIAD fia Wikimedia

Ynfloed op de evolúsje fan minsken

Troch al dat omheisterjen mei genetysk materiaal kin men fan tinken wol ha dat yn it ferline genen fan firussen yn it minsklik genoam ynboud binne. Der wurdt rûsd dat likernôch 8 % fan ús genoam út firusmateriaal bestiet. Boppedat hawwe minsklike sellen harren algeduerigen oanpasse moatten oan firusoanfallen. Neffens yn 2016 publisearre ûndersyk fan biologen fan de Universiteit fan Stanford binne de feroaringen yn aaiwytmateriaal fan de minske, sûnt dy him evolúsjonêr ôfspjalte fan sjimpansees en bonobos, foar wol 30 % it gefolch fan de striid tsjin firussen. Troch de evoluearre genetyske ferskillen yn selaaiwiten en hoe’t jins ymmúnsysteem krekt reagearret, is de fariaasje yn fetberens foar it hjoeddeistige koroanafirus te ferklearjen. Fangefolgen kinne kwetsbere âlde minsken de sykte somtiden ferwinne, wylst guon jongelju deroan stjerre.

Nuttige firussen

Unskuldige firussen kinne ymmuniteit tsjin gefaarlike firussen bewurkmasterje. Sa binne minsken dy’t yninte binne tsjin de mûzels minder gefoelich foar it ferlykbere canine distemperfirus, dat de saneamde hûnesykte feroarsaket. En bygelyks marine firussen hawwe in grutte ynfloed op de omrin fan fiedingsstoffen. Prefester Corina Brussaard fan it Nederlânsk Ynstitút foar Undersyk fan de See (NIOZ) juster yn Deibled Trouw: “Yn in glês seewetter sitte wol sa’n 150 miljoen firusdieltsjes. Ast it gewicht fan alle firusdieltsjes yn de seeën en oseanen optelst, wage dy likernôch 7,5 miljard ton, likefolle as 75 miljoen blauwe finfisken.” Ut frou Brussaard har ûndersyk docht bliken dat de helte fan de see-algen stjerre troch firusynfeksjes. Fangefolgen bliuwe de út dy deade algen frijkommende nutriïnten yn de boppeste wetterlagen hingjen en dêrmei berikber foar organismen. As alle algen opfretten waarden fan fisken, soenen dy fiedingsstoffen allegearre mei de ekskreminten op de boaiem fan de see bedarje en folle minder beskikber wêze foar it ekosysteem. Brussaard: “Firussen spylje dêrmei in kaairol by de omrin fan fiedingsstoffen, en likegoed koalstof en koaldiokside, en sadwaande foar it libben en sels it klimaat.”

Libje firussen no wol of net? Dêr is mear oer te lêzen yn de Wikipedy.

maart 29, 2020 21:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.