Kolleksje James Bondpistoalen ta wearde fan hûnderttûzen euro stellen

maart 28, 2020 10:50

De Beretta Cheetah (foto: Met Police)

Yn in ynbraak yn in hûs yn Londen binne fiif fjoerwapens út James Bondfilms stellen. Neffens de Londenske plysje soe de kolleksje mear as hûnderttûzen pûn (sa’n 112.000 euro) wurdich wêze.

De hânfjoerwapens binne in Walther PPK út A view to a kill (1985), In Smith & Wesson .44 Magnum Revolver út Live en let die (1973), en in Llama .22, in Berretta Tomcat mei laser en dimper en in Beretta Cheetah, alle trije út Die another day (2002).

De Walther PPK (foto: Met Police)

“De stellen wapens binne tige karakteristyk en op mjitte makke foar de James Bond-films”, seit resjersjeur Paul Ridley. “Se sille wis fuortdaliks weromkend wurde troch minsken oan wa’t se te keap oanbean wurde. De wapens binne ûnferfangber”, seit Ridley. “De Magnum bygelyks is de iennige ferzje ea makke dy’t folslein yn it groom is. De Walther PPK is it lêste pistoal dat troch Roger Moore brûkt is in A view to a kill.”

De ynbrekkers binne troch buertbewenners omskreaun as trije wite manlju mei in East-Europeesk aksint. Hja naaiden út yn in sulverkleurige auto. Der binne gjin fertochten oanholden en de plysje freget om tips.

maart 28, 2020 10:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.