Kataloanië begjint mei útdielen koroanamedisyn

maart 16, 2020 15:00

Kataloanië is de earste regio yn Europa dy’t begjint mei it fersprieden fan middels foar de covid-19, de sykte dy’t troch it koroanafirus feroarsake wurdt. It giet om twa medisinen dy’t ûntwikkele binne foar oare sykten en dy’t ek lykje te helpen tsjin covid-19.

It iene middel is Darunavir, dat derfoar soarget dat it firus him net maklik mear reprodusearje kin. It wurdt jûn oan minsken dy’t al klachten hawwe. It middel is makke tsjin AIDS en blykt ek wurksum te wêzen tsjin it koroanafirus.

It oare middel is hydroksyloglorokine, dat ûntstien is as malariamiddel, dat ek beskate klachten oer rimmetyk oanpakt. It wurdt jûn oan minsken dy’t nei alle gedachten it firus drage, mar noch net siik binne. It soarget derfoar dat it firus de minsklike sellen net maklik yn komt.

190 sike Katalanen en trijetûzen minsken dy’t it firus mooglik hawwe, krije de behanneling krije yn de rin fan de kommende dagen ien fan ’e twa middels.

De twa middels binne net folslein effektyf, mar se kinne wol in part fan ’e pasjinten genêze en harren minder besmetlik meitsje. Neffens de betinker fan de terapy, dokter Oriol Mitjà fan sikehûs Germans Trias i Pujol yn Badalona, is de behanneling net folslein effektyf, mar soarget er der wol foar dat de sykte him yn Kataloanië folle minder fluch ferspraat, mei folle minder slachtoffers as gefolch.

maart 16, 2020 15:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. H de vries maart 17, 10:33

    Dan wurd it heech tiid dat we wat leare wolle fan oare lânnen. No dus fan Katalunia. Of moatte we by sykte der hinne ?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.