Joana Duarte heechlearaar twatalich ûnderwiis yn Amsterdam
Resint ferskynd

Joana Duarte (boarne twitter / Joana Duarte)
Earder dit jier waard hja beneamd as lektor meartaligens oan hegeskoalle NHL Stenden. Sûnt dizze wike hat Joana Duarte út Ljouwert der noch in wichtige funksje by: hja is bysûnder heechlearaar wrâldboargerskip en twatalich ûnderwiis wurden oan de Universiteit fan Amsterdam. Hja wol it Frysk yn har wurk yn Amsterdam in bysûnder plak jaan.
De Portugeeske frou Duarte wurket sûnt 2016 foar de Ryksuniversiteit Grins en hegeskoalle NHL Stenden, dêr’t hja kolleezjes oer meartaligens fersoarget en skoallen begelaat dy’t meartaliger wurde wolle.
De bysûndere learstoel yn Amsterdam wurdt betelle troch de organisaasje Nuffic yn De Haach, dy’t as doel hat om studearjen yn oare lannen makliker te meitsjen.
De wichtichste opdracht fan frou Duarte yn Amsterdam is om ûndersyk te dwaan dat derop rjochte is om it Frysk en oare thústalen fan bern in wichtiger plak te jaan yn it ûnderwiis.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje