Jelle Wiersma wrâldkampioen FRYSK!

maart 9, 2020 07:24

Frjentsjer, 8 maart. Fan it begjin ôf like it derop dat Marten Walinga yn it FRYSK! ek de sterkste wêze soe. Hy hie fuort al in foarsprong, mar yn de op ien nei lêste omloop ferlear er fan Jelle Wiersma. Georgiëv spile geandewei sterker en yn de seisde omloop kaam dy mei oan kop. Wa’t opfoel wie de Italiaan Andrea Perano (krekt 12 jier), dy’t op dyn alfde al kampioen fan Italië wie en no yn Frjentsjer net ien partij ferlear. Yn de sânde omloop ferlear Georgiëv fan Walinga. Jelle Wiersma wûn syn partij, dat no steane der twa manlju op it foarste plak.

Om 16.00 oere begûn ûnder bywêzichheid fan de kommissaris fan de Kening de barraazje dy’t de winner opleveret. Dy winner wurdt kampioen. De kommissaris die, op oanwizen fan Jelle de Vries (wyt) de earste set. Yn de barraazje wurdt hieltyd mei heale spyltiid spile. Foar de earste partij hawwe de spilers goed fiif minuten, foar de folgjende partijen hieltyd de helte dêrfan, krekt salang oan in spiler wûn hat.

Foto: Marten Walinga

Nei ien partij wie it foarby: Jelle Wiersma wûn en is dus wrâldkampioen Frysk!. Yn 2016 wie hy de earste kampioen yn dy nije tûke fan it Frysk damjen. Walinga waard twadde, Andrea Perano tredde. FRYSK! is bedoeld om de wrâld yn ’e kunde te bringen mei dy tinksport.

Nei it spannende wrâldkampioenskip kandidaten wie dit toernoai de bekroaning. Der waarden sân omlopen Switsersk spile mei 10 minuten en 10 sekonden de spiler de partij derby. In protte spanning, ferrassende útslaggen en in earlike winner.

Foto: Marten Walinga

maart 9, 2020 07:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.