Jelle Wiersma oan kop, Georgiev wer yn foarm

maart 6, 2020 09:04

Yn in spektakulêre seisde omloop op it Fryslân Open 2020 fan tongersdei 5 maart yn Frjentsjer flatere Taeke Kooistra yn syn partij tsjin koprinner Jelle Wiersma yn in remizestân en ferlear dy. Wiersma kaam dêrmei allinne oan kop mei 5,5 punt. Hy wurdt op ’e foet folge troch Alexander Georgiev dy’t efterinoar fiif partijen wûn en 5 punten hat. Yn de seise omloop wûn er oertsjûgjend fan Folkert Groenveld, dy’t oant dan sterk te wurk gie. Wiersma en Georgiev wurden folge troch trije spilers mei 4,5 punt: Konstantins Nord, Hein de Vries en Rein Jan Walinga. Wiersma en Georgiev kinne der eins wol wis fan wêze dat se foar it Grutmastertoernoai pleats binne. Foar de plakken 3 en 4 binne der noch fiif kandidaten: Nord, De Vries, Walinga, Groenveld en Kooistra. Dy lêste twa ferlearen de seisde omloop wol, mar se hawwe dochs fjouwer punten en kinne har noch pleatse.

Yn de fjirde omloop moast Herbert Tulleken him weromlûke mei’t er siik wurden wie. Foar Alexander Schwarzman brocht dat syn earste punt mei. Dy fjouwerfâldich wrâldkampioen hat yn dit toernoai net folle te betsjutten. Kooistra en Georgiev begûnen mei harren ynhelslach om by de earste fjouwer te einigjen. Yn de fjirde omloop wiene trije remizepartijen, ûnder mear it topduel tusken Wiersma en Groenveld.

Taeke  Kooistra wûn yn de fiifde omloop fan syn broer Cor Kooistra. Auke Zijlstra sloech yn syn partij by fersin twa yn stee fan trije skiven en hy joech it op. It wie in treast foar him dat de stân úteinlik wol ferlern bliek te wêzen, want de kompjûter akseptearret gjin ûnreglemintêre slach.

Yn de fiifde omloop wiene fjouwer remizepartijen en yn de seisde fiif. De tsjinstanners binne mear oaninoar weage.

It optreden fan de 21-jierrige Wyt-Russyske kampioen Konstantsin Nord is in iepenbiering. Hy spilet noch net salang Frysk!, mar hy wit der in protte fan ôf. Hy is dan ek de ûntdekking fan it toernoai en de kâns is grut dat er him by de earste fjouwer pleatst. Freed 6 maart moatte noch twa omlopen spile wurde. As der op it fjirde plak gelikens einige wurdt, folget in barraazje. Freedtejûn begjint yn it Keninklik Eise Eisinga Planetarium it Grutmastertoernoai.

Links Alexander Georgiev yn syn partij tsjin Folkert Groenveld. Foto: Marten Walinga.

PlNaamBeoordelingKat.WijWiOpnieuwVePuWpSB
1  Jelle Wiersma  Vin65105.519.517,5
2  Alexander GeorgievGMI 2445  Vin650151714
3  Konstantsin Nord 2094  Vin63304.523.517
4  Hein de Vries  Vin64114.52315.25
5  Rein Jan Walinga  Vin64114.51912.25
6  Folkert Groenveld  Vin632142212
7  Taeke Kooistra  Vin640242010
8  Bauke Dijkstra  Vin6402416.511
9  Auke Zijlstra 2120  Vin63123.52211,75
10  Sjoerd Couperus  Vin63123.5209
11  Hans JansenGMI 2293  Vin63123.518.59,75
12  Fedde Wiersma  Vin6222322.510,25
13  Aleksej DomchevGMI 2331  Vin6222320.59.25
14  Petra Duskova 2013  Vin6303320.57
15  Cor Kooistra  Vin6303318.57.5
16  Sjouke Schilstra  Vin63033166
17  Henk Haanstra  Vin62223156
18  Kees Tijssen  Vin62132.521.55,75
19  Renaud Braye  Vin61322.518.56,75
20  Sergej Korchjitskij  Vin61322.5185.5
21  Dicky van der Meer  Vin62132.516.55.25
22  Darya TkachenkoGMIF 2197  Vin62132.5154,25
23  Liuwe Westra  Vin62132.513.52,75
24  Michal Vitek 1860  Vin62132.512.52,25
25  Vaclav KristaMI 2054  Vin6204220.56.5
26  Piet Sikma  Vin62042131
27  Alexander ShvartsmanGMI 2377  Vin61141.517,50,75
28  Patrick CasarilMF 2138  Vin61141.514.51,75
29  Yaroslau Miklasheuski  Vin61051110
30  Herbert Tulleken  Vin60060140
maart 6, 2020 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.