Jan Willem Zwart: “Oeral bêst, mar thús it bêste”

maart 7, 2020 20:00

Kollum

Elkenien hat it deroer. Corona. Der wurde grapkes oer makke, mar eins is elkenien benaud om siik te wurden. Wat moatte wy dwaan? Is in bûsdoekje om ’e mûle genôch? Hoe faak moatte wy hanwaskje? Wannear nei de dokter ta? Of just net? It hoastjen en prústen yn ’e bocht fan de earmtakke is foar in protte minsken nij en moat nochal wenne. Plakken dêr’t in protte minsken binne, litte wy lizze. It ropt yn alle gefal in protte fragen op. It bringt ús yn ûnwisse situaasjes. Mar it bringt ús ek by ússels! Yn it foarste plak trochdat it dúdlik makket dat wy tige kwetsber binne. Unsichtbere saken wurde fia fia oerbrocht. As we net better wisten, dan koene wy tinke dat der tsjustere krêften efter sitte.

It bringt ús ek tichter by it tinken oer globalisearring. Ommers, it COVID-19, it coronafirus, kaam út Sina en wie samar yn Europa en kaam hieltyd tichter by. Reizgjen is sa ienfâldich wurden dat Sina, Italië of Spanje yn in dei te berikken is. Te berikken betsjut ek dat ûnsichtbere firussen meireizgje en ús berikke kinne.

It is lang lyn dat wy allegearre sa ûnrêstich wiene oer in sykte. Op de ien of oare wize liket it allegearre hiel ticht by en wurdt it yn de media delset as soene wy der net ûnderút komme kinne. Alle dagen komme der nije gefallen fan Corona by. Meikoarten ek yn Fryslân?

Foto: GGD

It COVID-19-firus is moai as jo dernei sjogge. Op telefyzje wurde de firussen op ’e eftergrûn as dekôr brûkt. Moaie kleuren, bysûndere bewegingen en bysûndere rûne foarmen. Bewegende rûne boltsjes mei sûchnapkes deroan. Feitliken wurdt op telefyzje net oer dy foarmen praat. Wy witte der net safolle oer. Hiel natuerlike foarmen dy’t derop boud binne om te oerlibjen en har út te wreidzjen, lykas alles yn de natuer. Suksesje hjit dat. Meastentiids ûntstiet suksesje trochdat der wat yn de natuer net yn lykwicht is. Foar planten kin dat stikstof wêze, foar sprinkhoannen yn Afrika kin dat monokultuer fan mais wêze. COVID-19, wy witte it net. Wittenskippers binne op ’e siik nei de bestriding derfan. It soe ús wol oan it tinken sette moatte dat globalisearring ek oare kanten hat as it ûntdekken fan moai waar en oare kultueren.

Corona en wysels. Lit ús fan ’t simmer thúsbliuwe yn stee fan fier fuort op fakânsje te gean. Corona, gryp, hawwe jo samar en it tegeltsjesprekwurd seit “Oeral bêst, mar thús it bêste.”

maart 7, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.