Iuwenâlde skilderijen stellen yn Oxford

maart 16, 2020 09:17

Ut in keunstgalery fan de universiteit fan Oxford binne trije weardefolle skilderijen út de sechtjinde en santjinde iuw stellen. It giet ûnder oare om in wurk fan de Flaamske barokskilder Antoon van Dyck.

Universiteit fan Oxford (foto: pixabay.com)

De dieders brutsen neffens de Britske plysje sneon om 23.00 oere yn. Meiwurkers ljochten de plysje yn. De dieders binne noch net pakt en de trije stellen wurken binne poater. Tsjûgen wurdt frege om har te melden. It gebou, Christ Church Picture Gallery, bliuwt mei it ûndersyk ticht.

Van Dyck is mei Rubens ien fan de grutste nammen út de Antwerpske barokkeunst. It stellen doek fan Van Dyck is ‘Soldaat te paard’. De oare twa skilderijen binne fan de Italiaanske keunstners Salvator Rosa en Annibale Carracci. Neffens de plysje binne se alle trije fan tige grutte wearde.

maart 16, 2020 09:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.