It tresoarke

maart 21, 2020 07:00

Troch Abe de Vries

Abe de Vries. Foto © Tresoar Haye Bijlstra

Dichtfoarmen, dy binne der in boel. Tink oan it acrostichon, de epode, it epigram, de haiku, it sonnet, de ballade, de limerick, it ollebolleke, de villanelle, en gean sa mar fierder. In regelmjittige dichtfoarm (frije fersen hawwe ek in foarm, mar dy is net regelmjittich) jout skriuwer en lêzer hâldfêst, wol Wikipedia hawwe. It is foar de dichter in yn prinsipe muzikaal helpmiddel om assosjative kreativiteit sawol los te meitsjen en op gong te bringen, as it resultaat yn ’e stringen te hâlden en te strukturearjen; foar de lêzer om it gedicht te ‘leauwen’ en makliker te ûnthâlden (memorabiliteit). En foar guon dichters kin it ek in protest wêze tsjin it anything goes fan leek of beweger.

Ik haw in nije dichtfoarm útfûn: it tresoarke.

It tresoarke is in kompakte dichtfoarm fan tweintich rigels, dy’t strang begjint, dêrnei lykas yn it sonnet in kear nimt, en frij einiget. It hat dus eins trije dielen, mar gjin wytrigels. It skied tusken de dielen wurdt yn de foarm dúdlik: it earste diel hat acht fiiffuottige jambyske rigels (twa fjouwerrigels) mei manlik omearmjend rym (tink oan it ‘In memoriam’ fan Douwe Tamminga); it twadde diel bestiet út fjouwer rigels mei froulik omearmjend rym, de earste twa rigels fiiffuottige jamben, de twadde twa fjouwerfuottige jamben, dêr’t de earste fan ynspringt om in kear oan te jaan. It tredde diel begjint mei in seisfuottige trochee, folge troch twa rymjende fjouwerfuottige jamben, en dêrnei fiif rigels sûnder foarmeasken.

Tresoarke betsjut skatkistke. De namme ferwiist fansels ek nei Tresoar, de biblioteek dêr’t de Fryske poëzijskiednis – dy’t yn ’e tiid rint fan benammen strang nei benammen frij – bewarre bliuwt.

Ik wit net oft it tresoarke de earste, spesifyk yn de Fryske literatuer ûntwikkele dichtfoarm is. Mar dat soe samar kinne. In foarbyld, út in rige fan 26 gedichten dêr’t ik oan wurkje:

Abelen, steatlik steane jimme dêr,
wy neamden jim ek grize sulverlingen,
‘t is hjerst. Fan sied ta sprút ta âlde kringen,
no keal en fan jim blêd ûntdien alwer,
as ‘k jim mar út ‘e fierte seach, wie ‘k thús.
Dan tichterby jim wite bast mei rútsjes,
dêrachter joech ús mem my lytse tútsjes.
Mar wa beferve jim mei in grut wyt krús?
De stoarm hat jimme tearste twigen nommen,
gemeentemannen meitsje ’t aansen ôf:
0000000jim leane is net bredernôch,
gjin trochgong mear om troch te kommen.
Falle sille jimme, abeeljebeammen. Hakhout
foar hurd en kachel, of op syn bêst –
men is gjin waaibeam mear op ‘t lêst –
skopt in tûke it noch ta pakpapier. Neat rimet
mear op lange loane: in keale
dyk, gjin skûl. Rede- en genedeleaze
wrede sinne lit ús moerneaken
op hûs oan rinne.

Abe de Vries (Winaam, 10 jannewaris 1965) is in Frysk dichter, esseeïst,literêr kritikus, sjoernalist, útjouwer, oersetter, fotograaf en ien fan de Fryske publike figueren dy’t it kulturele en yntellektuele debat yn Fryslân liede.

 

maart 21, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.